Joost van Aken sliept net minder troch komst Jeffrey Bruma by sc Hearrenfean

Joost van Aken © Orange Pictures
Yn de syktocht nei in ferfanger foar Sven van Beek kaam sc Hearrenfean út by Jeffrey Bruma. Foar Joost van Aken betsjut de komst fan de 25-fâldich ynternasjonal dat er der in sterke konkurrint by krijt. Dochs seit er: "Ik slaap er niet minder om."
Doe't Sven van Beek yn de útwedstriid tsjin RKC Waalwyk swier blessearre rekke, wie ferdigener Joost van Aken syn ferfanger.
Van Aken foarmet tegearre mei Pawel Bochniewicz it betroubere sintrale ferdigeningsduo. En mei sukses, want Hearrenfean krijt op Feyenoord en FC Twente nei de minste tsjindoelpunten. Dochs hat technysk manager Ferry de Haan mei Jeffrey Bruma in ekstra sintrale ferdigener fêstlein.
De komst fan Jeffrey Bruma besoarget Hearrenfeanferdigener Joost van Aken gjin sliepeleaze nachten
"Ik snap wel dat ze er een extra centrale verdediger bij willen. We hebben nu twee 'linkspoten' in de selectie en maar één 'rechtspoot', dus is het logisch dat er nog iemand bij komt. Ik denk dat Bruma een goede speler is, met erg veel ervaring. En goede spelers zijn altijd welkom", sa seit er.
Jeffrey Bruma stapte as 15-jierrige jeugdspiler fan Feyenoord yn 2007 oer nei Chelsea. Twa jier letter makket de ferdigener syn debút yn de Premier League tsjin Blackburn Rovers.
Dêrnei waard er troch 'the Blues' ferhierd oan Leicester City en HSV. Yn 2013 komt Bruma by PSV terjochte. Mei de ploech út Eindhoven waard er twa kear kampioen fan Nederlân. Nei trije seizoenen makke er foar hast 12 miljoen euro de oerstap nei Wolfsburg.
Nei ferhierperioaden by Schalke 04 en FSV Mainz 05, ferhuze Bruma yn 2021 transferfrij fan Dútslân nei Turkije om by Kasimpasa te fuotbaljen. Tusken 2010 en 2016 kaam er yn totaal 25 kear út foar it Nederlânsk alvetal, wêryn't er ien kear skoarde.
Bruma is al wol medysk keurd, mar hat noch net mei de seleksje meitraind. Der binne noch wat ûndúdlikheden oer de fysike tastân fan de ferdigener en dat moat earst fierder ûndersocht wurde. As dat allegear akkoart is, tekenet Bruma in kontrakt foar de rest fan dit seizoen.
Jeffrey Bruma by Kasimpasa SK © Orange Pictures
Hearrenfean ferlear dizze wike mei 2-0 fan Fortuna Sittard en Van Aken wol him tsjin Vitesse graach revansjearje. "We hebben echt wat recht te zetten", seit Van Aken. "Het was tegen Fortuna te gezapig, er was te weinig beleving. Het was voor iedereen een vervelende avond."

Dreech te foarsizzen seizoen

Der wienen de ôfrûne kompetysjeronde mear ferrassende útslaggen. Sa ferlear PSV fan Emmen en spile Ajax gelyk tsjin Volendam.
Van Aken: "Het is dit seizoen misschien wel extremer dan in andere jaren en dat maakt het allemaal lastig te voorspellen. Er liggen kansen voor elke ploeg. Het is mooi dat je de uitslagen niet van tevoren kunt invullen en dat geldt eigenlijk ook voor onze wedstrijden."

Taaie ploech

Earder dit seizoen wûn Hearrenfean yn it Gelredome mei 0-4 fan Vitesse, troch ûnder oaren in hattrick fan Sydney van Hooijdonk. Mar neffens Van Aken is dy ploech net mear te ferlykjen mei it Vitesse fan no.
"Ze hebben een aantal nieuwe spelers erbij, er is een nieuwe trainer en een nieuw systeem. Zijn nu ook beter op elkaar ingespeeld. We gaan er niet vanuit dat het weer zo'n wedstijd gaat worden, al zou ik daar van tevoren wel voor tekenen", laket Van Aken.