Offenwier wantrouwich op plannen wêrmei’t ferkearsoerlêst oanpakt wurde moat

Berendt Boschma fan Pleatslik Belang en twa bewenners © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De bewenners fan it doarp Offenwier reagearje wantrouwich op plannen om de ferkearsfeiligens yn it doarp te ferbetterjen. Súdwest-Fryslân hat tasein nei de ferkearsgaos yn it doarp te sjen. Mar dat dogge sy al jierren, sizze de bewenners.
"Sjoch, der geane al wer in pear de stoepe op," seit Maria Poiesz fan Offenwier wylst sy nei de Fiifgeawei wiist. Dy dyk wurdt brûkt om fan Snits by De Potten te kommen of om binnentroch nei Jirnsum te riden. It is in lytse dyk dêr't frachtauto's, swier lânbouferkear en in soad toeristen op ride.
Poiesz wennet al tritich jier yn it doarp en sjocht it ferkear feroarjen. "Ik sit sels yn in scootmobyl en moat dus eins op de stoepe. As it ferkear by my del komt, skeelt it soms mar milimeters. De bannen fan de trekkers komme dan boppe my út. Ik fiel my folslein net feilich as ik fan it iene plak nei it oare plak gean. Ik ryd no dus ek mar mei de scootmobyl op de dyk, want dan moat it ferkear wol wachtsje."
Offenwier wantrouwich op plannen wêrmei’t ferkearsoerlêst oanpakt wurde moat
"Wy wolle gewoan in dyk om it doarp hinne", seit Berendt Boschma fan Pleatslik Belang, wylst er yn it sintrum fan it doarp nei it ferkear stiet te sjen. "It hâldt it doarp al jierren dwaande. Der is sels ien dy't no ferhúzje wol, want dy is der klear mei."

"Sjoch gewoan nei in dyk om it doarp"

De gemeente joech earder dizze wike oan dat sy de dyk oanpakke wol, mar dat soarget net foar in feeststimming yn it doarp. "Dat jout fansels wol in bytsje fan blydskip, mar der lei al in hiel goed plan. No hawwe der ferkiezingen west en komme der wer folslein nije plannen."
Der lizze twa senario's dêr't sy nei sjen wolle. "De twadde wolle wy eins al net, want dan moatte sy fierstente folle lân brûke. Sjoch gewoan nei in dyk om it doarp hinne. Dat wurket it bêste, tinke wy."