Twa Friezen fan 18 en 19 jier oppakt foar stellen bankpas en mishanneling yn Oerisel

Twa manlju fan 18 en 19 jier fan It Hearrenfean en Drachten hawwe in 69-jierrige man fan Markelo (Oerisel) mishannele, nei't sy dêrfoar syn bankpas stellen.
De twa manlju diene har foar as bankmeiwurkers, kamen by de doar del en namen de bankpas fan de man mei. Doe't sy útnaaiden, begûn it slachtoffer te twiveljen en gie hy har efternei.
Op it Burgemeester de Beaufortplein koe hy de fertochten mei syn auto klemride. Der ûntstie houwerij wêrby't de man mishannele is. Tsjûgen op it plein skeaten de man te help.
De fertochten naaiden op 'e nij út, mar mei help fan omstanners en lokale WhatsApp-groepen koene de Friezen frij rap fûn wurde troch de plysje. De twa sitte fêst en it ûndersyk rint, sa meldt de plysje fan Oerisel. It slachtoffer is opfongen.