Ienfâldige, mar wichtige oerwinning Aris, dat op koers bliuwt

Aris hat freedtejûn mei 91-67 wûn fan Den Helder. Nei in min earste kwart kamen de Ljouwerter basketballers thús op stoom en wienen se oppermachtich.
De earste tsien minuten slagge der net in soad by Aris, mei in tuskenstân fan 17-20 nei it earste kwart as gefolch. Dêrnei begûn it te draaien by de ploech fan Vincent van Sliedregt: sa wie it by it skoft al 43-36.
Nei it skoft rûn Aris allinnich mar fierder út, mei sa no en dan fraai basketbal. Shaquille Doorson hie in pear hurde dunks en de trijepunters fan ûnder oare debutant Kahron Ross foelen maklik.
Yn de lêste pear minuten waard it spul fan Aris wat sloardiger, mei in pear kear maklik balferlies. It ferskil wie lykwols grut genôch en boppedat profitearre Den Helder ek kwalik fan de Ljouwerter flaters. Vincent van Sliedregt liet Jonas van Rheenen noch debutearje.
Topskoarer oan de kant fan Aris wie Tom Kubank, mei 21 punten. Ek Keevan Vinot (17), Kaleb Warner (12) en Reinder Brandsma (10) hellen de dûbele sifers.
Aris bliuwt trochstoarmjen
Mei de tsiende oerwinning fan it seizoen bliuwt op koers foar de top-fiif fan de Nederlânske reguliere kompetysje, dy't nei 20 wedstriden trochstreame nei de Elite Gold. Dêryn komme ek de bêste fiif ploegen út België.
Aris spilet noch trije reguliere kompetysjewedstriden. Snein oer in wike is de earste, út tsjin Zwolle.