Fenna Kalma piniget âlde wurkjouwer: froulju sc Hearrenfean ferlieze mei 7-0

Nina Nijstad (argyffoto) © Orange Pictures
De froulju fan sc Hearrenfean ha freed kânsleas ferlern fan FC Twente. De Feanfroulju moasten mei 7-0 har meardere erkenne yn de tsjinpartij.
Al nei trettjin minuten foel de earste goal yn it foardiel fan de thúsklup: âld-Hearrenfeanspylster Fenna Kalma iepene de skoare. Janneke Ennema krige flak dêrnei noch in kâns op de lykmakker, mar har skot bedarre njonken de goal.
Kalma makke dêrnei yn rap tempo ek de 2-0 en 3-0. Dêrmei wie it noch net dien foar it skoft, want Marisa Olislagers en Renate Jansen ferhegen de skoare nei 5-0.

Lijenswei noch net oer

De lijenswei wie dêrmei net oer. Hearrenfean spile wol better yn de twadde helte, mar krige yn de 77e minút ek de sechsde tsjin. Doelpuntemakker wie Naomi Pattiwael. Bente Jansen bepaalde de einstân op 7-0.

Libertas út de beker

De sealfuotbalfroulju fan Libertas út Damwâld binne útskeakele yn it bekertoernoai. Drs. Vijfje út Grins wie te sterk. Ynternasjonal Laura de Groen makke de 1-0, troch te profitearjen fan in flater fan Thirza Leistra.
Nei it skoft krige Libertas wol kânsen op de lykmakker. Dy foel lang net, mar doe't de Friezinnen keepster Laura Hummel ynruilen foar in ekstra fjildspylster, soarge Silke van der Wal dochs foar de 1-1. Yn de strafskoppesearje dy't folge miste Sam Bosma as iennige en skeaten de Grinzer studinten fiif kear raak.