Nije praktyk Noardwâlde hopet fanwege wachtlist op toskedokters út it westen

Yn de praktyk 't Nije Wold © Lourens Looijenga
Hoewol't der freed in nije toskedokterspraktyk yn Noardwâlde iepene, is der noch hieltyd in grut ferlet fan toskedokters yn de regio. De nije praktyk hat in wachtlist fan sa'n 300 minsken en hopet op fersterking.
Praktyk 't Nije Wold iepene freed oan de Meulewyk yn Noardwâlde, nei't 't Olde Wold yn Aldeholtwâld gjin romte mear hie om mear pasjinten ta te litten. Dêr steane al mear as seistûzen pasjinten ynskreaun.
De nije toskedokters sitte yn in eardere aula fan útfeartferiening De Laatste Eer, dy't it pân ôfsjitte moast. Yn 2020 gie it gebou oer nei de toskedoktersmaatskip. Der binne yn de tuskentiid seis behannelromten makke, mei in kantoar en personielsromte.

Hoop op mear toskedokters

It gebou is op de groei ynrjochte. Toskedokter Joost de Boer hopet dat it mei it nije gebou slagget om mear toskedokters út it westen fan it lân wei nei Noardwâlde te heljen. Ek in mûlhygiënist soe der by kinne.
De maatskip fan Siska Venema en Joost de Boer hat al in wachtlist fan sa'n 300 minsken. Alle dagen wurde sy noch troch minsken út de regio belle dy't noch in toskedokter sykje. It tekoart yn de omkriten hat ek te krijen mei it ophâlden fan in toskedokter dêr. Yn it doarp sit fierder allinne Tandheelkunde Noordwolde.