sc Hearrenfean moat Andries Noppert mooglik langere tiid misse

Andries Noppert © ANP
Andries Noppert is blessearre oan de boppeskonk en mist de wedstriid tsjin Vitesse. Mar trainer Kees van Wonderen is benaud dat hy syn doelman langere tiid kwyt is. "Ik verwacht niet dat hij op korte termijn weer aansluit."
Noppert hat in spierblessuere yn it gebiet by de búk en de boppeskonk. Hy heakke mei de warming up tsjin Fortuna Sittard ôf. Foarearst stiet Xavier Mous tsjin Vitesse op doel.
"Andries heeft een vervelende blessure en we bekijken het per dag. In de loop van volgende week gaan we checken of de behandelingen effect hebben. We hopen dat hij er weer zo snel mogelijk bij is, maar dat is afwachten", seit Van Wonderen.
Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen is benaud dat hy syn doelman langere tiid kwyt is
Nei it beroerde ferlies tsjin Fortuna Sittard wol Hearrenfean him revansearje tsjin Vitesse. Van Wonderen giet derfan út dat it om in ynsidint giet. "Dat hoop je, al heb je natuurlijk geen garanties."
Van Wonderen wol it sa goed as mooglik dwaan mei it team, mar jout ta dat dit net altyd slagget. "Als je om je heen kijkt zie je dat wel vaker. Zo maakt PSV een uitglijder maken bij Emmen en AZ verliest dit seizoen bij Excelsior. We kunnen niet blijven hangen in het negatieve gevoel, dat gaat ons ook niet helpen tegen Vitesse. Maar van dit soort wedstrijden moet je er niet teveel van hebben."
De wedstriid sc Hearrenfean - Vitesse is sneontejûn om 20.00 oere live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio by Omrop Fryslân. It kommentaar wurdt dien troch Arjen de Boer.
Ek Jeffrey Bruma sit net by de wedstriidseleksje en dêr hie Van Wonderen wol in bytsje op hope. De sintrale ferdigener is al medysk keurd, mar dat is noch net hielendal klear jout Van Wonderen oan.
"Er zijn nog wat vragen omtrent een aantal fysieke zaken. Dat willen ze nader onderzoeken. We hopen dat daar snel duidelijkheid over komt."
Trainer Kees van Wonderen © Orange Pictures
Vitesse hat in minne earste seizoenshelte efter de rêch, mar yntusken is de ploech fan Phillip Cocu werom te finen op it 14e plak. Nei de winterstop hawwe de Arnhemmers allinnich mar ferlern fan PSV (1-0). Fierder waard der lykspile tsjin FC Twente (2-2), NEC (0-0) en AZ (1-1).
By Vitesse makket Davy Pröpper syn comeback. De âld-Oranje-ynternasjonal sette ferline jier in punt efter syn karriêre, om't hy gjin wille mear hie yn it fuotbal. Mar freed hat hy in kontrakt tekene foar oardel jier by de ploech út Arnhem.
De earste konfrontaasje tusken Hearrenfean en Vitesse einige yn it Gelredome yn in 0-4 oerwinning foar de ploech fan Kees van Wonderen, mei ûnder oare in hattrick fan Sydney van Hooijdonk. Amin Sarr wie yn dy wedstriid goed foar trije assists.