Learlingen nei hûs stjoerd, mar stroomútfal Dockinga College blykt flater te wêzen

In leech lokaal yn it Dockinga College © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
It Dockinga College yn Dokkum hat moandei dochs wól gewoan stroom. De skoalle hat 1.100 learlingen nei hûs ta stjoerd fanwegen it probleem. Mar it wie in flater yn it klantesysteem, seit Liander.
De stroomleveransier hie yn in brief kenber makke dat it Dockinga College wolris sûnder stroom sitte koe. Dêrop besleat de skoaldireksje dat alle learlingen mar in roasterfrije dei hawwe moasten. Want sûnder stroom gjin ferwaarming, ynternet en ICT.
Itselde soe jildt foar it OSG Piter Jelles, dy't de learlingen online ûnderwiis jaan soe fia Teams.

Frije dei Dockinga bliuwt

Direkteur Hilbrand Visser fan it Dockinga College hat freedtejûn witte litten dat de roasterfrije dei bliuwt. Mar wiis mei de situaasje is hy net. "Wy binne de ôfrûne wike wol wat fan it kastke nei de muorre stjoerd. It hat hiel wat fuotten yn 'e ierde om alles yn goeie banen te lieden en dêr sette wy alles foar yn. De roasterfrije dei bliuwt stean, want ús 1100 learlingen en harren âlden hawwe ek fan alles regelje moatten."
Visser jout oan dat hy sa'n situaasje noch nea meimakke hat yn syn ûnderwiisperioade.

Liander betreuret it

Liander hat ûnterjochte in brief oer wurksumheden stjoerd, sa docht no bliken. "Wij betreuren dit ten zeerste en hebben onze excuses aan de school aangeboden", seit in wurdfierder. "Er worden weliswaar werkzaamheden uitgevoerd aan het lokale stroomnet, maar de school komt hierdoor niet zonder stroom te zitten. De werkzaamheden zijn aan het laagspanningsnet, waar de school is aangesloten op het middenspanningsnet."