NL-Alert yn Burgum fanwege brân mei in soad reekûntwikkeling

Der is brân útbrutsen yn in portykwenning yn Burgum. It is net dúdlik oft der noch minsken yn it pân binne. Om't der in soad reek by de brân frijkomt, is der in NL-Alert ferstjoerd.
De brânwacht ropt op om ruten en doarren ticht te hâlden. Ek wurdt advisearre om meganyske fentilaasje út te setten.
Der is opskaald nei 'middelbrand'. Om de brân ûnder kontrôle te krijen, moat earst it gas ôfsletten wurde. It gasbedriuw is dêr mei dwaande. Der soe in protte materiaal yn it gebou stean.