Minder ferkearsdruk as A7 wer foar in part iepenet? "Dat is koffiedik kijken"

Links de A7 en rjochts de Nije Dyk, dêr't it troch de ôfsletten tunnel folle drokker is © ANP
Saakkundigen binne derfan oertsjûge dat de drokte op lokale diken minder wurde sil as in part fan de A7 mids febrewaris wer iepen giet. Mar salang't der noch gjin definitive oplossing is, bliuwt ek dêr sprake fan ferkearsdruk, warskôgje se.
"Er gaat minder verkeer op de omleidingsroutes rijden. Een deel gaat via de tunnelbak", seit Dirk de Baan fan De Baan Verkeersadvies, "maar de vraag is: hoeveel dan?"

'A7 daliks fluchste rûte'

"Een belangrijk deel zal niet voor de omleidingsroutes kiezen. Dan wordt het op de A7 mogelijk filerijden", stelt De Baan.
Op dit stuit is de A7 tusken Snits en De Jouwer hielendal ôfsletten. Dit komt om't der in part fan de Prinses Margriettunnel omheechkaam. It soarge foar drokte op de omliedingsrûten by Toppenhuzen en Twellingea del en op de dyk troch De Hommerts-Jutryp hinne.
Ferkearsdrokte by de brêge fan Twellingea © CAMJO media
Anne van der Meer fan Rykswettersteat ferwachtet dat dy drokte ôfnimme sil. "In soad minsken kenne de A7. Daliks as it wettersportseizoen begjint, sille de brêgen op de omliedingsrûten wer wat faker iepen stean. De A7 is dan de fluchste rûte, dêr sille in soad minsken gebrûk fan meitsje."

Opstoppings op de A7?

Yn de Prinses Margriettunnel sil fan mids febrewaris ôf ien rydstripe de rjochting beskikber wêze foar it ferkear. Yn de tunnel jildt dan wol in faasjebeheining fan 50 kilometer yn de oere.
"Dat is nedich om feilich wurkje te kinnen. Je wolle gjin ûngelokken ha", leit Van der Meer út. Neffens Johan Vermeeren fan ferkearsadvysburo VAGN kinne de maatregels liede ta opstoppings op de A7.
"Op het moment dat er veel meer verkeer is dan de wegcapaciteit, dan loop je het risico op filevorming. Met name in de staart van onverwachte files is dat gevaarlijk. Dan kunnen er ernstige ongelukken gebeuren."
Rykswettersteat hat dêr lykwols oer neitocht, seit Van der Meer. "Fier foar de tunnel sille we oanjaan dat de fersmelling deroan sit te kommen. Ik kin my yntinke dat de faasje der stadichoan úthelle wurdt, mar saakkundigen binne dat noch oan it úttinken."
Pûden fol sân yn de Prinses Margriettunnel © Omrop Fryslân, Onno Falkena
As der op de A7 ek gjin sprake is fan trochriden, sille automobilisten dan net foar de omliedingsrûten kieze? "Als mensen straks weer over de A7 kunnen en ze komen in de file, dan bestaat het gevaar dat ze denken: 'is dit voor mij wel de beste route?'", seit De Baan.
"Het wordt een herverdelingsproces van het regionale verkeer. Ik verwacht dat het langeafstandsverkeer wel via de A7 zal gaan, Het kan ook zo zijn dat mensen bijvoorbeeld via de A7 gaan en dan zien dat het nog steeds vertraging oplevert. Mogelijk gaan ze dan kijken of het op de omleidingsroute rustig is. Het is lastig in te schatten hoe dat gaat verlopen."
Dat minsken miskien dochs foar de omliedingen kieze, fynt Van der Meer gjin probleem. "Dy bliuwe ek om it ferkear spriede te kinnen." Rykswettersteat advisearret automobilisten dan ek om yn it foar te hifkjen wat foar harren de meast geunstige rûte is.

Mooglik wiken wenne

Neffens De Baan hawwe minsken efkes de tiid nedich om te wennen oan de nije situaasje. "Er zijn twee opties mogelijk: een omleidingsroute of via de A7. Beide opties leveren waarschijnlijk vertraging op. Het kan even duren voordat automobilisten in de gaten hebben of ze eerder moeten vertrekken of de andere route moeten nemen. Dat is een proces."
Van der Meer fan Rykswettersteat slút him dêrby oan. "Minsken sille wenne moatte oan de ferkearssituaasje. It kin wol in wike duorje foardat je trochhawwe wat foar in spesifike situaasje it bêste is."
In file op de paralleldyk fan de A7 © CAMJO media
Oant dy tiid is it neffens Vermeeren fan VAGN "koffiedik kijken" oft de ferkearsdruk op de omliedingsrûten echt bot ôfnimt. Dat it iepenstellen fan in part fan de A7 wol wat ferromming op de lokale diken biede sil, stiet neffens de saakkundigen lykwols fêst.
Wannear't de A7 krekt wer beskikber is foar ferkear, is noch net bekend. Rykswettersteat rekkenet noch hieltyd op mids febrewaris. De Prinses Margriettunnel waard de ôfrûne tiid stabilisearre mei sânsekken. It omheechkommende segmint is dêrtroch sa goed as hielendal werom sakke nei syn oarspronklike posysje. No wurdt der wurke oan it fuortheljen fan in part fan dy sekken.