Aldste part argyf fan Starum digitalisearre, mar ek lêsber makke

Ien fan de dokuminten ûnder de scanner © Gemeenteargyf Súdwest-Fryslân
It gemeenteargyf fan Súdwest-Fryslân hat goed hûndert âlde dokuminten út it âldste argyf fan Starum digitalisearre en transkribearre. It giet om stikken út de perioade tusken 1480 en 1580.
Foar de measte Friezen binne de stikken net of amper te lêzen. Mar it argyf hat de âlde dokuminten net allinne scand, mar ek oertypt yn lêsbere letters.
Sa stiet der yn in rekest (fersyk) út 1574 fan de Starumer boargemasters "dat haere stadt belast is met inwoeninghe van veele diversche Hollanders ende andere vreemdelinghen die nyet en willen contribueren voor hoor vuer heesten ofte ordonnarijs ende andere schattinghen gelyck andere burgers."
It kaam der op del dat it lokale bestjoer ek fan nearingdwaande Hollanners en oare frjemdlingen belesting ynbarre woe en dêrfoar goedkarring fan it Hôf fan Fryslân frege.
It rekest oan it Hôf fan Fryslân út juny 1574 © Gemeenteargyf Súdwest-Fryslân
De gemeente hopet dat it digitaliseajen it brûken fan it argyf leechdrompeliger makket. Wa't dat wol, kin út syn eigen hûs wei ûndersyk dwaan yn de skiednis fan it gebiet. Wat Starum oanbelanget is dat bygelyks de skiednis oer it ferdigenjen fan de stêd yn de Tachtichjierrige Oarloch.
Nei 1893 lei it argyf fan Starum by it Ryksargyf, mar twa jier lyn ferhuze it wer nei de eigen gemeente. It giet om fiif meter oan dokuminten, dy't fan 1331 oant 1815 rinne.

Oare stikken

Neist de argyfstikken fan Starum binne ek stikken út Warkum, Snits, Drylts, Hylpen, Boalsert en it eardere Baarderadiel beskikber kaam. It Stedsrjocht fan Snits (1456) en in Postboek fan Boalsert (1562-1843) binne de âldste dokuminten, de nijste binne de gemeenteferslaggen fan Baarderadiel en Hylpen oant 1935.
Alle stikken binne te finen op de webside fan De Tiid, dêr't op beskriuwingen fan argiven socht wurde kin.