Sjaletten foar opfang fan Oekraïners by De Wetterpôlle iepene, plak foar 127 minsken

De opfang foar de Oekraïners © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
127 Oekraïnske flechtlingen wurde fan freed ôf opfongen by camping De Wetterpôlle yn Ljouwert. Op it terrein op de Hemrik binne sjaletten delset om de minsken ûnder te bringen. Dy binne ynrjochte foar Oekraïners dy't harren sels rêde kinne.
Fan freed ôf wurde der Oekraïners opfongen yn sjaletten by De Wetterpôlle
De sjalets soene healwei desimber al klear wêze, mar dat rûn fertraging op seit manager fan de opfang Anna van Lang. "Er zijn altijd dingen die uitlopen. De stroomvoorziening, de elektriciteit. Alles moet op zijn plek vallen. Dus we zijn heel blij dat we vandaag los kunnen."
De sjaletten © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De flechtlingen binne al bekend yn Ljouwert, de measten komme út de opfanglokaasje Nieuw Mellens. Yn de sjaletten kinne de Oekraïners sels itensiede en klean waskje. "Ik vind het heel fijn dat ze toch een beetje meer hun eigen plek hebben", seit Van Lang. "Ze hebben wat meer privacy en mogen zelf ook gewoon lekker koken."

Nije takomst

De bewenners ha der nocht oan, sa fernimt Van Lang. "Er kwam vanochtend een bewoonster naar mij toe en die zei: 'dank jullie wel voor al jullie zorgen. Vandaag begint onze nieuwe toekomst'. Dat is toch prachtig."

De Oekraïners kinne maksimaal in jier opfongen wurde op de camping.