Dockinga College lit moandei 1100 learlingen thús wurkje fanwegen wurksumheden Liander

Dockinga College © RTV NOF
It Dockinga College yn Dokkum lit kommende moandei 1100 learlingen thúswurkje. Dat komt om't netbehearder Liander net garandearje kin dat de skoalle de hiele dei stroom hat. It giet om learlingen fan de VMBO-GT en Havo/VWO lokaasjes.
Liander hat de skoalle dizze wike witte litten dat se moandei wurksumheden yn it gebiet útfiere. En dat sette de skoalle foar it blok seit direkteur Sjors Veltman fan it Dockinga College. "It is net bekend op welk tiidstip de stroom der eventueel útgiet, en ek net hoe lang dat dan duorret. Dan kinst neat, om't je ek neat witte."

'Wol húswurk'

Veltman leit út wêrom't de mooglike stroomútfal problemen opsmite kin. "De tagong ta it gebou, de folsleine ICT, tagong ta it ynternet, de ferwaarming, neam it mar op. As dat allegear fuortfalt, wurdt it ûnderwiisproses te bot ûntregele."
Fandêr dat de skoalle derfoar keazen hat de learlingen in dei nei hûs te stjoeren. "Se krije wol húswurk mei, dus se kin oan de slach." De skoalle is noch yn petear gien mei Liander om te sjen oft de wurksumheden ferpleatst wurde koene, mar dat slagge net.
Liander wie freed net beskikber foar Omrop Fryslân om út te lizzen hokker wurksumheden der krekt plakfine.