Plysje hâldt fertochte oan foar sededelikt yn rekreaasjegebiet op It Hearrenfean

De plysje hat in minderjierrige jonge út Emmen oanholden foar belutsenheid by in sededelikt yn rekreaasjegebiet De Heide op It Hearrenfean. Dat meldt it Iepenbier Ministearje freedtemoarn.
By it rekreaasjegebiet waard op 3 augustus fan ferline jier in 7-jierrich famke slachtoffer fan in sededelikt. De plysje wie dêrnei op syk nei tsjûgen dy't wat sjoen hiene.
De rjochter-kommissaris hat de fertochte tongersdei frijlitten ûnder betingst. Hy mei it fierdere ûndersyk thús ôfwachtsje.