Fryslân krige der tûzenen sinnepanielen by yn 2022

Sinnepanielen op it dak © RTV NOF, Ben de Jager
Yn Fryslân binne yn 2022 tûzenen ynstallaasjes mei sinnepanielen op it elektrisiteitsnet oansletten. Dat seit netbehearder Liander. It totale fermogen oan sinnepanielen is mei goed 25% omheech gien yn fergelyk mei 2021.

Yn totaal leverje yntusken sa'n 110.000 wenningen en mear as 1000 sinneparken stroom oan it netwurk. De totale kapasiteit dy't opwekt wurdt leit no op 478 megawatt. Dat is fergelykber mei hast 670 fuotbalfjilden fol mei sinnepanielen.