HEA! Lette krystsfearen

HEA! De Alvestêdekeamer
Nei't er siik waard en út it wurk rekke, is Hans van Mourik begûn mei it bouwen fan in Alvestêdekeamer. Syn húskeamer stiet fol mei alles wat te krijen hat mei iis en de alve stêden, want dêr hat er wol wat mei.
Hy wie in fûleindich reedrider en fielt him nau ferbûn mei de Alvestêdetocht. Neidat Van Mourik fan in buorfrou in mûne en in húske krige, gong er los. Hy hat ûndertusken de hiele rûte by-inoar sparre en siket noch altyd fierder om passend guod. Hy hopet dat der ea wer in Alvestêdetocht komt, hielendal no't er yn Fryslân wennet.