'Skiednis komt wer ta libben' mei online gedichtetelefoan

Operaesje Fers © Tresoar
De Fryske gedichtetelefoan wie yn de foarige iuw tige populêr. Je koene skilje nei 058-131313 en dan krigen je gedichten te hearren. Histoarysk sintrum Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf ha al dy opnamen online tagonklik makke op archieven.nl.
"De skiednis komt ta libben", seit dichter Meindert Bylsma oer it online setten fan de audiofragminten. Sa'n 2.700 gedichten binne op it web te finen. Bylsma naam mei kollega-dichters Josse de Haan en Geart van der Zwaag yn 1968 it inisjatyf ta Operaesje Fers.
Dêrmei koene minsken dus in nûmer belje om in gedicht te hearren. Bylsma hat tachtich fan dy gedichten ynsprutsen. "Wy waarden der eartiids foar frege en ik ha gjin momint deroer neitocht."
Dichter Meindert Bylsma © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Belangryk wurk, seit Bylsma. "Ik fûn dat dichters op dat stuit net mear tusken de minsken wiene. Wy moasten út dy hege toer helle wurde en wer de strjitte op. Mei it Operaesje Fers setten wy de gedichten op de telefoan. Se wiene foar elkenien te hearren. No't alles op it ynternet te stean komt, binne wy wer mei itselde dwaande."
Harkje hjir nei de de online dichttelefoan
"Wy wolle it Frysk tagonklik meitsje foar de minsken thús", seit Syds Wiersma fan it Frysk Film & Audio Argyf. Dêr kinne dizze gedichten by helpe, neffens him.
"Yn de jierren '60 waard it projekt in grut sukses. Nei in pear dagen lei de telefoanline yn Frjentsjer plat. Dêr siet de sintrale dy't minsken belje moasten. Der kamen sa'n soad telefoantsjes binnen, dat de line it net mear oan koe."
Syds Wiersma fan it Frysk Film & Audio Argyf © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Dat bart no fansels net mear", seit Wiersma. "Mar je kinne wol sjen dat it libbet. Wy hoopje dus ek dat minsken in soad gebrûk meitsje fan de online fariant."