Relskopper krijt taakstraf fanwege geweld nei Hearrenfean-Grins fan ferline jier

In 26-jierrige man út Emmen krijt in wurkstraf fan 140 oeren, omdat er geweld brûkt hat tsjin plysjeminsken en -hynders nei de wedstriid tusken Hearrenfean en Grins fan ferline jier.
Njonken de 140 oeren wurkstraf krijt er ek 100 oeren ûnder betingst. Hy moat ek in skeafergoeding betelje oan de plysjeminsken. De straf is leger as de eask fan it Iepenbier Ministearje: dy woe in wurkstraf fan 200 oeren en twa moannen selstraf ûnder betingst.
Nei it duel sc Hearrenfean - FC Groningen op 10 april 2022 wienen der rellen bûten it stadion: supporters fan Grins sochten neffens de plysje de konfrontaasje op mei fans fan Hearrenfean. De plysje en de ME kamen dêrom yn aksje, wêrnei't guon relskoppers stiennen smieten nei de plysjeminsken en -hynders. Twa plysjeminsken rekken ferwûne.
De rellen fan ferline seizoen wienen oanlieding foar boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean om dit jier minder supporters fan Grins ta te litten by de wedstriid. Dat wie foar de Grinssupporters reden om de wedstriid te boykotsjen, wêrtroch't it útfak ôfrûne snein sa goed as leech wie.
"We willen niet dat we collectief gestraft worden voor het gedrag van enkele raddraaiers", seit supporterskoördinator Henk Niemeijer fan FC Groningen.
De fertochte út Emmen hie him by de plysje meld nei in oprop yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht. Yn de rjochtbank joech er ta dat er by de rellen wie: hy hie in skoppende beweging makke rjochting de plysje en in stik grûn nei in hynder smiten.
Dat wie ek op te meitsjen út kamerabylden fan de plysje. Dêrop wie net te sjen dat de fertochte ek echt ien rekke hie.