Nij fers fan de Dichter fan Fryslân: 'Alde freonen'

Sigrid Kingma © Dichter fan Fryslân, Reyer Boxem
It achtste gedicht fan de Dichter fan Fryslân hyt 'Alde freonen'. De poëzywike is begûn mei it tema freonskip. Foar in puber in hiel oar gegeven as foar in tritiger. Sigrid Kingma skreau foar de projektwike op inspirerendmeertaligonderwijs.nl al freonskipsgedichten foar jonge bern. No ek ien foar folwoeksenen.
Alde freonen
Ik sit hechtsjend as oan lêzen pillen
- safolle binne it der ek net -
te suchtsjen om in lang ferlet
al jierren no deselde stillen.
En ja, it focht komt der al yn
plak en feech fan fretterij
wat op it each ûnderhâldsfrij
is boud mei spul en sinneskyn.
Kinst haadstik ien wol oerslaan
de earsten meitsje dochs dyn taal
in jeugdbân en dield ideaal.
Myn iepen boek en koart ferhaal
ik moat jim wat mear oandacht jaan
faaks wer ris in drankje dwaan.
It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.
Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl. Sigrid Kingma is de tredde Dichter fan Fryslân. De earste wie Eeltsje Hettinga, dy't foar syn wurk de Gysbert Japicxpriis krige en dêrnei wie Nyk de Vries de Dichter fan Fryslân.