Remco Efdé wint Filmkickpriis en krijt 10.000 euro om syn 'Liwwadder' film te meitsjen

Producer Karim Hamad mei op syn telefoan Remco Efdé © Aron Weidenaar
Remco Efdé út Ljouwert krijt 10.000 euro om te helpen by it meitsjen fan syn film SMOG. Hy is de winner fan de Filmkick Competitie, in inisjatyf fan it Noordelijk Film Festival.
De priis waard tongersdeitejûn útrikt yn bioskoop Slieker yn Ljouwert. By de priis heart ek dat Efdé syn koarte film yn premjêre giet op it filmfestival, kommende novimber.
SMOG wurdt in film yn it Ljouwerters en giet oer trije draaidoarkriminelen dy't op in dizige âldjiersjûn nei in mysterieuze ôfspraak ride dy't harren libben feroarje kin. Troch de ûnderlinge diskusjes, rare foarfallen en tichte dize reitsje se hieltyd fierder it paad bjuster yn de smog.

Ambysjeus, grappich en orizjineel

De sjuery wiisde dat idee oan as bêste fan de sân yntsjinne plannen. SMOG stuts der neffens de sjuery boppeút. "Een superuitgewerkt, interessant, maar ook ambitieus plan", is it oardiel. "De jury heeft hardop kunnen lachen om de dialogen in het script en de enthousiasme van de makers spat ervan af. Het verhaal en de gekozen vorm zijn origineel en de regievisie is scherp."
De Filmkick Competitie krige dizze edysje yn earste ynstânsje mar twa ynstjoeringen, dêrom waard de deadline opskood. In dúdlike oarsaak seach de organisaasje net.
Priiswinnende plannen fan foargeande jierren binne It Skûtsje fan Maria Stuut, Nei de Dûns fan Rutger Veenstra en Steengoed fan The Hensen Brothers.