Lutz Jacobi nimt ôfskied fan Waadferiening: 'Lit sjen dat je der binne'

Lutz Jacobi © Waadferiening
Wat kin it Waadgebiet oan? Dy fraach moat de kommende jierren sintraal stean, seit Lutz Jacobi, dy't hjoed formeel ôfskied nimt as direkteur fan de Waadferiening.
Jacobi is op 1 jannewaris opfolge troch Christine Wijshake. Jûn nimme de meiwurkers offisjeel ôfskied fan Jacobi, dy't yntusken har tiid ynfollet as foarsitter fan it Nationaal Park Schiermonnikoog.
Se bliuwt dus belutsen by it Waadgebiet. Har leafde dêrfoar ûntstie doe't se santjin jier wie. "Us learaar biology naam ús mei nei it Waad, by Swarte Haan. Doe seach ik wat der allegear libbet, wat der allegear yn it slyk sit, hoe belangryk oft dat is foar de fûgels."

As puber nei eilannen

"Dêr is de leafde begûn. As puber gong ik ek nei de eilannen ta, sa ûntstiet dat wat", fertelt se. Dat moat begjin jierren 70 west ha, noch lang foardat it Waadgebiet útroppen waard ta UNESCO Wrâlderfgoed, yn 2009.
Se sleat har, doe't se santjin wie, ek al oan by de Waadferiening. "Ik tocht: dat moat ik stypje. It wie net sa djoer om lid te wurden. En no noch hieltyd net, hear!", laket se.
Je moatte sjen litte dat je besteane.
Lutz Jacobi oer de sichtberens fan de Waadferiening
Doe koe se noch net witte dat se nei in karriêre by ûnder oare de GGD en as PvdA-Keamerlid (mei it Waad yn de portefúlje) yn 2018 direkteur fan dyselde Waadferiening wêze soe. Se hat dat fiif jier west, in perioade wêryn't der in soad gebeurd is en wêryn't it natuergebiet ek faak yn it nijs wie.
"Mear as oars", tinkt Jacobi sels ek. "Dat hat ek te krijen mei sichtberens, dêr ha we ús de ôfrûne jierren bot foar ynset. Je moatte sjen litte dat je besteane."

Net seure, mar opromje

Mar it is net allinnich sichtberens: der is ek echt in soad gebeurd. Yn it earste jier fan Jacobi as direkteur wie de kontenerramp mei de MSC Zoe. De ynhâld fan hûnderten konteners bedarre yn see en op de strannen.
"It hat yn alle gefallen de gefaren fan de skipfeart yn byld brocht", seit Jacobi, dy't it positive der mar úthellet. "De kontenerramp hat ek soarge foar ien fan ús moaiste aksjes fan de ôfrûne jierren. De Waadakademy hie trochrekkene dat der noch minstens 800.000 kilogram yn see lei. Doe ha wy sein: we seure net, we romje it op."
Dûkers fine rommel yn de Noardsee ôfkomstich fan de MSC Zoe © Stichting Duik De Noordzee Schoon
It wie oanlieding foar it projekt CleanUp XL. "We ha hast twa ton oan ôffal út 'e see helle. Wolst net witte watfoar rotsoai oft derby sit."
"De ôfrûne jierren karakterisearje har troch hoefolle skealike aktiviteiten oft der plakfine op it Waad", fynt Jacobi. "It is de opsteapeling fan allegear saken."
It Waad is in erfgoed dat yn ien rychje heart mei de Grand Canyon en de Great Barrier Reef.
Lutz Jacobi
De kontenerramp is dêr ien fan, mar Jacobi tinkt ek oan foarnimmen om gas te boarjen by Ternaard. "It is wolris klear. Mynbou heart net yn in wrâlderfgoedgebiet. It Waad heart yn itselde rychje as de Grand Canyon of de Great Barrier Reef. Dêr moatte je grutsk op wêze."
By mynbou is der risiko op boaiemdelgong en dat soe funest wêze foar de natuer op it Waad. "Hielendal yn kombinaasje mei seespegelstiging. Op it stuit falt noch 70 prosint fan it Waad drûch by eb, dat is belangryk foar miljoenen fûgels. Mei boaiemdelgong en seespegelstiging falle de Waadplaten folle minder faak drûch en dat is desastreus."

Oanslaggen op it Waad

In oar plan dêr't de Waadferiening tsjin striidt is de oanlis fan in stroomkabel troch Skiermûntseach. "It binne oanslaggen op it Waad. Ik bin ek foar skjinne enerzjy, hielendal. Mar dat moat dan wol mei sa min mooglik ekologyske skea."
De ynset fan de Waadferiening om de gaswinning en de stroomkabel tsjin te hâlden, liket foarearst suksesfol. De NAM moat de fergunningsoanfraach foar gaswinning by Ternaard oanpasse (deadline is takom maart) en foar de kabel wurdt sjoen nei in mear eastlike rûte.
Protest tsjin gaswinning op de Waadsee © ANP
Jacobi lit ek wat saken achter dy't se graach oars sjoen hie. As ien fan de grutste teloarstellingen fan de ôfrûne jierren omskriuwt se de gong fan saken by de Waadautoriteit, in ynstelling dy't in ein meitsje moast oan de fersplintering fan it behear fan it Waad.
De Waadferiening stapte yn juny 2020 út it oerlis, omdat Jacobi 'klear wie' mei it ferskaat oan oerlizzen. Se woe net mear diel útmeitsje fan wat se 'de kapstôk fan oerlizzen' neamt.
No stride we tsjin elkoar. Wat in ûnsin!
Lutz Jacobi
Noch hieltyd is it behear net goed regele, fynt Jacobi. Neffens har moatte der besluten komme oer hoe't we mei ús allen omgeane mei it Waadgebiet. "Je moatte in balâns fine. Op it stuit wurdt alles grutskaliger, dat is te skealik. It moat duorsumer."
Dêr leit in rol foar de polityk, as it oan it âld-Keamerlid leit. "Ik hoopje dat ús regearing meitinkt oer dy balâns. No stride we tsjin elkoar. Wat in ûnsin!"

Bysûndere natuer Skiermûntseach sjen litte

Jacobi is yntusken fjouwer wiken dwaande as foarsitter fan it Nationaal Park Schiermonnikoog, wat se oant 2018 ek al wie. "Dêr spilet altyd fan alles. De dykfersterking, de fûgelstân op it eilân, de ferbining mei it lânskip. Want wêrom geane minsken nei in nasjonaal park? Fanwegen de bysûndere natuer. Dat moatte je dan ek sjen litte."
En sa komt Jacobi wer út by de sichtberens. "Je moatte it op de kaart sette."