Jack Werkman (VVD) is nije boargemaster fan Eaststellingwerf

Jack Werkman © Gemeente Eaststellingwerf
Jack Werkman wurdt de nije boargemaster fan Eaststellingwerf. Dat die tongersdeitejûn bliken by de riedsgearkomste fan de gemeente.
De 46-jierrige Werkman is de opfolger fan Harry Oosterman. Hy is op dit stuit wethâlder yn de gemeente Sluis yn Seelân foar de VVD. Yn it begjin fan syn politike karriêre wie hy aktyf foar foar de SGP.
De beëdiging fan de nije boargemaster fynt offisjeel plak op 17 april.