Gemeenteried Noardeast-Fryslân stimt yn mei krisisneedopfang yn Kollum

Gemeenteried Noardeast-Fryslân © Omrop Fryslân, Ben de Jager
Der kin in tydlike krisisneedopfang komme oan de Johannes Bogermanstrjitte yn Kollum. Dat die tongersdeitejûn bliken yn de riedsgearkomste fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

Utsein de fraksje fan BVNL gie de gemeenteried akkoart mei it foarstel fan it kolleezje om maksimaal 75 flechtlingen op te fangen yn it gebou fan it eardere Lauwers College.
Noardeast-Fryslân stimt yn mei krisisneedopfang yn Kollum
Fan 1 maart 2023 ôf slút de needopfang yn Gerkeskleaster. De 42 minsken dy't dêr sitte ferhúzje dan nei Kollum. Dêr kinne se oant uterlik 31 july bliuwe. Yn it beslút fan de ried stiet dat der allinnich húshâldingen komme meie yn Kollum.
It gebou dêr't earder it Lauwers College Kollum yn siet © Google Street View
Yn de omkriten fan de skoalle sille kamera's pleatst wurde. Boppedat komt der ekstra ferljochting by de lokaasje fan de opfang.