Cambuur docht goede saken mei oerwinning yn en tsjin Grins: 0-1

Sportklup Cambuur hat tongersdeitejûn yn in strieminne wedstriid mei 0-1 wûn fan FC Groningen. De iennige goal fan de wedstriid waard in kertier foar tiid makke troch âld-spiler fan Grins Daniël van Kaam. Yn in gaoatyske slotfaze kamen der supporters fan Grins it fjild op, moast in Cambuurspiler bliedend fan it fjild en rekke Grins noch de latte.
Trainer Sjors Ultee hie syn basisopstelling op ferskate plakken wizige yn fergelyk mei it thúsduel tsjin Sparta (0-3) fan ôfrûne sneon. Sa stie Robbin Ruiter op goal, kaam ferdigener Marco Tol yn de ploech foar Leon Bergsma en yn de oanfal spile Mitchell Paulissen linksbûten wylst Sylvester van der Water it besykje mocht yn de punt fan de oanfal.
Opstelling SC Cambuur: Ruiter; Schmidt, Smand, Tol, Bangura; Hoedemakers, Van Kaam, Jacobs; Breij, Van der Water, Paulissen.
Beide ploegen begûnen de earste minuten senuweftich oan de wedstriid. Nei acht minuten krige Cambuur in warskôging doe't Luciano Valente in grutte kâns krige foar de thúsploech. Syn bal gie lâns Ruiter, mar net tusken de peallen foar de 1-0.
Wiksel Jacobs
Sawol Cambuur as Grins besocht wol oan te fallen, mar it wie dúdlik wêrom't beiden ûnderyn de earedivyzje stean. Folle fierder dan in baltsje fan Mitchell Paulissen yn de koarte hoek kamen de Ljouwerters net. Oan de oare kant fan it fjild kaam Grins net fierder dan in skot fan Krüger.
In pear minuten foar it skoft rekke Jamie Jacobs blessearre. Hy moast ferfongen wurde troch âld-spiler fan Grins Remco Balk. Dat soarge derfoar dat Michael Breij op it middenfjild kaam te spyljen en dat Balk it plakje fan Breij yn de oanfal oernaam. Breij fersoarge ek it einakkoard fan de earste helte mei in skot fan ôfstân dat rom njonken de goal fan Grins gie.
Wichtige rol foar Ruiter
Oan it begjin fan de twadde helte gie it spul op en del. Sa wie der in lyts kânske foar Hoedemakers, mar keeper Verrips skrok net fan syn ynset. Oan de oare kant fan it fjild moast Ruiter yn aksje komme op in skot fan Kruger.
Nei in lytse tsien minuten fûn Van der Water mei in moaie foarset de holle fan Paulissen, dy't hielendal frij stie. De kopbal fan de Limboarger miste rjochting en krêft. Grins krige net folle letter ek in grutte kâns, mar wer wie it Ruiter dy't de bal keare koe.
Van Kaam docht it foar Cambuur
Nei goed in oere spyljen kaam Cambuur der ynienen gefaarlik út. In skot fan Balk waard mei muoite tsjinholden troch Verrips. De rebound kaam foar linksback Alex Bangura, mar syn skot gie njonken de goal fan Grins.

Mei noch in lyts kertier op de klok kaam oanfierder Bangura goed troch oan de linkerkant. Syn foarset koe fuortkopt wurde, mar de bal kaam foar de fuotten fan Daniël van Kaam telâne. De âld-spiler fan Grins twivele gjin momint en helle út. Verrips wie kânsleas en Cambuur kaam op 0-1.
Wedstriid tydlik stillein
Mei noch fiif minuten te gean besocht trainer Sjors Ultee de boel achteryn ticht te smiten. Hy helle oanfallers Van der Water en Breij fan it fjild foar ferdigeners Sambissa en Mac-Intosch. Nei de wiksels fan Cambuur gie it mis. In pear supporters fan Grins kamen poer it fjild op. Dat soarge foar safolle driging dat skiedsrjochter Bas Nijhuis de wedstriid tydlik stillei.
Uteinlik waard de wedstriid nei in kertier fierder spile. Grins gie út alle macht op syk nei de lykmakker. Dat soarge foar in gaoatyske slotfaze wêrby't Grins de latte rekke, Tol yn syn gesicht rekke waard en bliedend fan it fjild moast en Cambuur úteinlik mei muoite de winst pakte.
Uteinlik waard de wedstriid nei in kertier fierder spile. Grins gie út alle macht op syk nei de lykmakker. Dat soarge foar in gaoatyske slotfaze wêrby't Grins de latte rekke, Tol yn syn gesicht rekke waard en bliedend fan it fjild moast en Cambuur úteinlik mei muoite de winst pakte.
Troch de oerwinning fan Cambuur gean de Ljouwerters oer Grins hinne nei it santjinde plak.