Isabel (10) pleatst tiidkapsule mei eigen tekening by nije slûs yn Ofslútdyk

Isabel (10) is bot ûnder de yndruk fan it ymposante bouwurk © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Ien fan de grutte projekten by de ferbouwing fan de Ofslútdyk is it pleatsen fan in nije kearslûs by Koarnwertersân. Dizze kearslûs bestiet út in 950.000 kilogram swiere roldoar dy't by ekstreem heechwetter yn de farwei riden wurde kin.
Om dit grutte bouwurk ekstra bysûnder te meitsjen, is der in tiidkapsule pleatst mei tekeningen fan Fryske bern.
Isabel docht har tekening yn de tiidkapsule © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De tekening fan de 10-jierrige Isabel út Snits wie troch Rykswettersteat útkeazen om yn de tiidkapsule dwaan. Se mocht mei nei de bouput om dizze der sels yn te dwaan.
Isabel hie hast net witten dat se keazen wie. "Mijn vader had haast het mailtje van Rijkswaterstaat weggegooid", fertelt se. "Gelukkig had hij dat niet gedaan. Ik was superblij toen ik het hoorde."
Tiidkapsule mei bernetekening pleatst by nije slûs Ofslútdyk
It wie in hiele tocht nei de boaiem fan de goed 16 meter djippe bouput. Dêr krige Isabel wiidweidich útlis oer de kearslûs. Sy wie bot ûnder de yndruk. "Ik vind het echt supercool en het is zo groot."
It liket net op de foto's dy't Isabel sjoen hat, seit se. "En ik vind het echt een hele grote eer dat ik hier mag staan."
De roldoarkas foar de kearslûs is enoarm © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De tiidkapsule wurdt neist de rails foar de roldoar yn de flier pleatst en ôfdutsen mei beton. It grutte bouwurk is berekkene op in libbensdoer fan 100 jier.
Isabel fantasearret al oer wat der bart as de kapsule wer boppe wetter komt. "Het zou wel heel toevallig zijn, maar dat ze dan denken van 'hé, dat was mijn over-overgrootoma'. Dat zou wel cool zijn."
De tiidkapsule ferdwynt yn de betonflier © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De kearslûs by Koarwertersân moat ein fan dit jier klear wêze.