‘Street’ is in noardlike rock-’n-rollroadtrip mei Herman Brood achter it stjoer

Foardat Herman Brood nei Amsterdam teach, ferbleau er in soad yn it Noarden. Meijer ten Zijthoff, fan fan 'e earste oere, seach oer it skouder mei persoanen dy't yn dy tiid oplutsen mei Brood. Fan dit pakket kleurrike 70's-ferhalen smeide er it boek 'Street'.
As puber folge Ten Zijthoff syn idoal Herman Brood fan konsert nei konsert. Fan Hengelo oant de Rânestêd. Twa jier lang. Elk optreden wie like prachtich, seit Ten Zijthoff, dy't noch goed wit doe't it album 'Street' yn 1977 yn de winkel kaam te lizzen.

Plaat as skatkiste

"Elke dag liep ik de deur plat bij Wobbe van Seijen, eigenaar van een platenzaak in Leeuwarden", fertelt er. "Kijken of ie er al was. En maar wachten. Maar in maart kwam de lp dan eindelijk uit. Ik kon de plaat wel kussen. Het was alsof ik een kist met goud in handen had. Wat een rijkdom."
Brood yn eigen persoan optreden sjen wie foar Ten Zijthoff hielendal geweldich. Benammen it konsert yn De Prinsetún yn Ljouwert, stiet him skerp foar de geast.
"Dat was zo'n moment dat Herman Brood echt bij mij insloeg. Overweldigend was het", seit er. "Voor dat concert had ik nog handgeschreven affiches uitgeprint en verspreid door de hele stad. 'Dit móét je ophangen', zei ik dan in een snackbar."
Brood liet je de betrekkelijkheid van dingen inzien. Dat gaf me houvast.
Meijer ten Zijthoff
It traapjen tsjin de hillige húskes, wers fan korrektheid, it spruts Ten Zijthoff bot oan. "Maar ook de lyrics van Brood boden me troost. Hij liet de betrekkelijkheid van dingen inzien. Dat deed me wat en gaf me houvast."
Benammen Brood syn earste platen 'Street' en 'Shpritsz' fûn de auteur "waanzinnig". "Maar dat enorme fan-zijn zal ook ongetwijfeld met mijn leeftijd te maken hebben gehad. Ik was toen 16, 17 jaar."
Herman Brood yn 1984 © ANP

De tiidmasine yn

Foar syn boek stapte Ten Zijthoff de tiidmasine yn. Werom nei de jierren '70. Dit die er mei minsken dy't yn dizze tiid oplutsen mei Brood, ûnder wa in soad noardlike muzikanten: Heddy van der Laan, Aldo Koops, Piet Kok, Gilbert Terpstra, en sa giet it rychje noch efkes troch. Allegearre graach ree om smeue anekdoaten oer de 'Rock 'n' Roll Junkie' op te dissen.
Mei 'Street' ferivige Ten Zijthoff dizze ferhalen. De lêzer makket sa in losbannige roadtrip troch de trije noardlike provinsjes. Benammen de stêden Grins en Assen spylje in wichtige rol. Sa no en dan leit der in lyntsje nei Fryslân.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandei oant en mei tongersdei ien-op-ien-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, beharkje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freed is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûn op telefyzje te sjen.
Ten Zijthoff fûn it fantastysk, al dy ynterviews ôfnimme. "De grote muzikanten die ik voor dit boek sprak, waren vroeger mijn grote helden. En nu kon ik ze als volwassen kerel ineens allemaal spreken."

Opgroeie yn internaat

'Street' slacht ek in brêge nei de jeugd fan de auteur. Hy waard adoptearre troch de famylje Ten Zijthoff. "Op een gegeven moment moest ik naar het internaat in Ter Apel. Ik ging nauwelijks naar school en was voornamelijk op straat te vinden. Dat voelde voor mij als een dubbele afwijzing. Eerst namen m'n biologische ouders afstand van me, en nu dit."
"Ik ervoer het als straf en vond het er doodeng. Gelukkig was er Perron 15, het jongerencentrum. Daar maakte ik kennis met Herman Brood & His Wild Romance, maar ook Vitesse, Normaal en Flavium kwamen langs. Helaas mochten we niet naar het borrelende Groningen toe. En dat was balen. Daar gebeurde het allemaal, de muzikale creativiteit en de kroegen floreerden. Het Groninger Springtij werd het genoemd."
In de kleedkamer had Herman alleen maar oog voor de vrouwen.
Meijer ten Zijthoff
Nei noch in grabbel út de ferhaledoaze fertelt er oer Snits. Foardat Herman Brood & His Wild Romance dêr ein jierren '70 optrede, klom de 17-jierrige Ten Zijthoff, klaaid as Brood, it poadium op.
"Het voorprogramma moest nog beginnen, dus ik denk ik ga even staan te playbacken. Dat viel echter niet goed bij een groep mannen. Zij kwamen na het concert verhaal bij me halen", fertelt er.
"Broods bodyguard zag dat en dacht 'die moet hier snel weg'. Hij bracht me uiteindelijk naar de kleedkamer van Herman Brood." Dêr kontakt meitsje mei syn grutte held siet der lykwols net yn: "Herman had alleen maar oog voor de vrouwen."

Symbool voor de tijdsgeest

Ten Zijthoff is nei eigen sizzen noch in bytsje hingjen bleaun yn de santiger jierren. Seker troch it meitsjen fan it boek. "Ik moet straks echt weer even terug op aarde komen", grapt er. "En dat merkte ik ook bij de mensen die ik sprak. Je wordt er melancholisch van als je terugdenkt aan al die belevenissen. Het was ook een vrije periode die belangrijk was voor veel mensen. Met Herman Brood als levende symbool."

De top 5 fan Meijer ten Zijthoff

Artyst Nûmer
Herman Brood & His Wild Romance Pop it
New Adventures Late late show
White Honey Nothing going on in the city
Plant Skid Row
The Meteors Together too long