HEA! De heupen los
HEA! De heupen los
Alle moandeitemoarns komt yn it MFC fan Terkaple in ploech senioaren om te gymnastykjen. De leeftiden lizze boppe de 70 jier, en der binne sels trije dielnimmers by fan boppe de 90 jier.
Elkenien fynt it belangryk en hearlik om te bewegen. En nei de tiid in bakje kofje mei wat lekkers is in moaie ôfsluter.
Se dogge ûnder lieding fan juf Oekje Rooks-Bosma oefeningen troch de seal en by de stoel en sa kin elkenien meidwaan.
De "bejaardengymnastiek" bestiet yntusken al 50 jier en se binne noch lang net fan doel om der mei op te hâlden, want it is fierstente gesellich. Untspanning troch Ynspanning is harren motto!