Spits Tom Boere ferruilet SC Cambuur foar NAC Breda

Oanfaller Tom Boere giet fuortendaliks fuort by SC Cambuur. De 30-jierrige spits hat in kontrakt fan 2,5 jier ûndertekene by NAC Breda yn de earste divyzje.
Boere makke yn 2021 de oerstap fan SV Meppen nei Cambuur. Yn oardel jier kaam er ta 37 wedstriden, wêryn't er seis doelpunten makke en twa assists joech.
Earder dizze wike joech technysk manager Foeke Booy noch oan dat Boere allinnich fuort mocht as de klup in nije spits fûn hie.
It is net bekend oft Cambuur in transfersom ûntfangt foar Boere.