Undersyk nei twa nije diken nei De Potten om it ferkear út Offenwier te heljen

Gemeente Súdwest-Fryslân ûndersiket lang om let oft der in nije dyk nei natuer- en rekreaasjegebiet De Potten komme kin. Offenwier hat al jierren lêst fan it it ferkear eastlik fan Snits.
De gemeente hopet yn maaie in definityf ûndersyksrapport foarlizze te kinnen, dêr't ek de mooglike kosten yn meinaam wurde foar twa senario's dy't foarlizze.
Al mear as sân jier in knyppunt
Yn 2018 hat Offenwier de help fan Veilig Verkeer Nederland ynskeakele om mei te tinken. It doarp fernaam doe ek al in pear jier dat mear toeristen nei de Snitser Mar rieden en oaren it doarp as slûprûte de stêd út brûke. It doarp fierde sels aksje.

In ferkearskommisje út it doarp (opset troch it doarpsbelang) pleitet foar in nije, streekrjochte dyk nei De Potten. De gemeente erkent dat de ferkearsdrokte in knyppunt is en wol it foarstel dêrom ûndersykje.
De gemeente moat rekken hâlde mei de eigeners fan grûn, wetter en krusingen. Eventuele diken moatte ek ôfstimd wurde mei de provinsje, mei it each op de provinsjale dyk N354 om Snits hinne. Fierder ûndersyk nei sokke effekten wurdt letter yn it ûndersyk dien.
Offenwier hat oar foarstel as provinsje
De ferkearskommisje hat de foarkar foar in direkte oansluting op de rûnwei om Snits. Mar de provinsje stelt in oare rûte foar wêrby't de dyk parallel rinne soe oan de Stedsrûnwei-East en útkomt op de Groenedijk.

Súdwest-Fryslân hat noch gjin kar makke en giet yn petear mei de ferkearskommisje, omwenners en belanghawwers. It rapport moat der yn maaie lizze.
'Upgrade' foar De Potten
De gemeente is al in pear jier dwaande mei in 'upgrade' foar De Potten. De bedoeling is om yn it gebiet de kommende jierren mear romte te jaan oan rekreaasje.

Dêr stelt de gemeente wol in fisy foar op, want De Potten leit ek yn 'e midden fan in Natura 2000-gebiet. Guon meitsje har soargen oft de toerist en rekreant net te bot de natuer en de bisten yn 'e wei sitte.
De natuer as gasthear, is lykwols it útgongspunt foar it kolleezje. Boargemaster en wethâlders stelle foar om mei 'grien-blauwe sônen' in oergong tusken natuer en rekreaasje te meitsjen. Yn maart 2024 nimt de gemeenteried in beslút oer de definitive plannen foar De Potten, sa is de bedoeling.