Ek in mearderheid yn de Steaten wol bettere busferbiningen yn it noardeasten

Steatelid Wopke Veenstra © Omrop Fryslân
In mearderheid yn Provinsjale Steaten fynt dat der wat dien wurde moat oan de buslinen yn it noardeasten fan de provinsje. Oft soks slagget, is neffens Steatelid Wopke Veenstra ôfwachtsjen. Mar it is op 'e nij in sinjaal.
Sa moat der in bettere ferbining komme tusken Feanwâlden en Drachten, binne de Steaten fan betinken. In moasje fan de SP krige genôch stipe. Oer it besunigjen op iepenbier ferfier komme in soad klachten binnen, benammen studinten hawwe der lêst fan dat der gjin bussen ride.
"Yn de nije buskonsesje wurdt it ferfier útklaaid", fynt ek Wopke Veenstra fan de FNP. "De minsken hawwe it der benammen oer dat sy yn Feanwâlden oerstappe moatte. It skynt dat dêr mar in pear minuten romte foar is."

Ier en betiid nei skoalle

Veenstra wennet sels yn De Harkema en sjocht it om him hinne. "De sinjalen komme benammen fan âlden fan wa't de bern moarns echt al ier en betiid fuort moatte, om pas 09.30 oere op skoalle te wêzen."
Argyffoto fan in bus yn Drachten © ANP
It giet just om de jongerein, fynt Veenstra alteast. "Wy moatte der foar soargje dat ús jongerein in goede oplieding folgje kin. As men seit, wy geane wol nei it mbo yn Drachten en soargje wol dat wy by in baas komme, dan soe dat skande wêze. As sy it wol yn it fermogen hawwe om in hbo-oplieding te folgjen."

Foarstel út de regio

Doarpsbelangen en ûndernimmers yn de regio kamen earder al mei in foarstel foar in flugge en elektryske busferbining tusken Kollum en Drachten. Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Smellingerlân en ek Westerkwartier yn Grinslân hawwe oanjûn de plannen te stypjen.
In mearderheid fan de Steaten wol, as it heal kin, ek wol in busline tusken Kollum, Surhústerfean en Drachten. "De measten binne der wol foar dat der wat barre moat yn dy hoeke." Al bliuwt it wol de fraach, sa moat ek Veenstra tajaan, oft dêr wol genôch finansjele middels foar binne.