Van de Pol begrypt it wantrouwen noch net en sjocht ûntslach as in miste kâns

Caroline van de Pol seach de moasje wêrmei't in mearderheid fan de ried fan Skylge it betrouwen yn har opsei oankommen. Mar sy begrypt it noch hieltyd net. "Ik heb het wel een beetje ervaren als dat men een stok zocht. En waarom dan? Die vraag blijft hangen."
"Helaas", sa fersuchtet de boargemaster. "De motie is met vijf stemmen voor en vier stemmen tegen aangenomen. Mijn eerste reactie is misschien vreemd, maar ik had niets anders verwacht. Het zat er al sinds eind september aan te komen." Sels yn de maitiid hie sy al it gefoel 'dat er iets was.'
Van de Pol koe net oars as konkludearje dat der 'weinig beweging' siet yn twa fan de fiif fraksjes op it eilân. VVD en Plaatselijk Belang Terschelling seine it betrouwen definityf op. "Ik begrijp het nog niet, wat zit erachter? Ik hoop dat ooit nog te weten te komen."
Rapport hat net holpen
Koartlyn kaam Geke Faber mei in rapport oer de Skylger polityk, yn opdracht fan de kommissaris fan de Kening Arno Brok. Hy frege om help nei't de ried yn septimber al it betrouwen opsei. De oanlieding wie dat men oer it evenemintebelied foel.
"Praat met elkaar", wie lykwols it wichtichste advys fan Faber, want neffens it ûndersyk wie der flink wat misbegryp en miskommunikaasje.
Caroline van de Pol snapt noch net wêrom't it betrouwen yn har opsein is as boargemaster fan Skylge
Van de Pol hie hope dat mei it ûndersyk ek de dingen boppe driuwe soene dy't ûnder it wetteroerflakte leine, mar dat gefoel hat sy net. "Er is duidelijk onderzocht wat er aan de hand is. Er is een oplossing en een verbetertraject geboden voor eenieder die hierbij betrokken is."
'Miste kâns'
Mar dy hantrekken is neffens har net oanpakt. "Ik zie het echt als een gemiste kans om dit niet met beide handen aan te pakken en door te blijven modderen."
Neffens René Bultena fan Plaatselijk Belang wie it rapport lykwols 'vaag' en 'omfloerst.' Syn fraksje is fan betinken dat it sitte litten fan Van de Pol neat oplost en dat it op de langere termyn allinne mar misgean kin. Bultena hopet op in boargemaster 'die wel empathisch kan optreden.'
It oansjen fan it bestjoer
Jan-Willem Adams fan de PvdA is lykwols fernuvere oer de gong fan saken. Dêr't syn fraksje earder it betrouwen opsei, kaam it nei de petearen dochs ta de konklúzje dat in ûntslach net de goede wei wêze soe. Hy fynt it spitich dat it no sa rinne moat. Adams: "Dit is ontzettend slecht voor het aanzien van het bestuur op het eiland."
De ried hat no frege om it ûntslach fan de boargemaster. Dêr moat de minister fan Ynlânske Saken no oer beslisse. Hoe't soks krekt giet, wit Van de Pol sels ek noch net. "Ik heb dit nog nooit bij de hand gehad", jout sy oan. "Maar met modder gooien past niet bij mij en dat ga ik ook niet doen."