Earste earedivyzjeduel yn oardel jier foar Cambuurkeeper Ruiter: "Een beloning"

Robbin Ruiter op it trainingskamp fan Cambuur yn Spanje © Dijks Fotografie
It is 529 dagen lyn dat Robbin Ruiter foar it lêst in earedivyzjewedstriid spile. De keeper fan SC Cambuur komt jûn wer yn aksje yn it degradaasjeduel mei FC Groningen.
De technyske stêf fan de Ljouwerters jout tenei de foarkar oan Ruiter nei in rige fan flaters fan João Virgínia. De Portugees wie de earste 17 wedstriden fan it seizoen de earste keeper.

Begûn as twadde keeper

Mar garânsjes dat Ruiter wol flaterleas is, hat Sjors Ultee fansels net. Dochs kiest de trainer foar in keeperswiksel. Ta bliidskip fan Ruiter. "Je staat elke dag op het veld om wedstrijden te mogen spelen. Ik was hier voor een bepaalde rol gekomen en dat heb ik met alle liefde gedaan. Uiteindelijk wordt dat nu beloond."
Dy 'bepaalde rol' dêr't de berne Amsterdammer op doelt, is de rol fan twadde keeper. Want dêrfoar is hy binnenhelle oan it begjin fan it seizoen.
Dat syn rol no feroaret, betsjut net dat Ruiter him oars gedrage sil. "Ik bereid me elke week hetzelfde voor op de wedstrijden. Het moment dat je het mag laten zien is een beloning, maar er zal niet heel veel veranderen voor mij."
Keeper Robbin Ruiter makket tsjin FC Groningen syn earedivyzjedebút
Doe't Ultee de beide keepers tiisdei fertelde dat se omwikselje, reagearre er nei eigen sizzen 'vrij rustig'. Ruiter wol net sizze oft er de wiksel oankommen seach. "Dat is vragen naar de bekende weg. Tuurlijk zie je dat het elftal niet lekker draait", seit de 35-jierrige Ruiter.

"Voor het echie"

"We zijn heel hecht met het keepersgroepje, met Brett (Minnema, tredde keeper, red.), Peter (van der Vlag, keeperstrainer) en João. Voor mij is het zaak geweest João te helpen en te pushen", fertelt Ruiter, dy't earder ûnder kontrakt stie by FC Volendam, FC Utrecht, Sunderland, PSV en Willem ll.
Syn lêste offisjele wedstriid spile Ruiter op 19 oktober yn de beker tsjin Rijnvogels. Dochs is er der klear foar. "Iedereen heeft het altijd over wedstrijdritme. Zolang je niet speelt, doe je het ook niet op. We hebben wel de nodige oefenwedstrijden gespeeld, dat ging goed. Nu voor het echie."
De wedstriid tusken FC Groningen en SC Cambuur begjint tongersdeitejûn om 18.45 oere. Omrop Fryslân docht op de radio live-ferslach yn in ekstra sportprogramma. Dat begjint om 18.30 oere. Ut de Euroborg wei fersoarget sportferslachjouwer Andor Faber it kommentaar.
Syn earedivyzjedebút yn it giel-blau wurdt wol fuortendaalks in fjoerdoop foar Ruiter. Want de Grinzers stean mar twa plakken boppe hikkesluter Cambuur. De ploech fan trainer Dennis van der Ree hat trije punten mear as Cambuur. "Je kan het van twee kanten uitleggen", wit Ruiter.
De earste kant is dat der sjoen de ranglist in soad druk op it duel stiet. Ruiter: "Aan de andere kant staan we in een positie waarin we niet heel veel meer te verliezen hebben. Dan denk ik: ga lekker vrijuit spelen en laat zien wat je kan."
João Virgínia mei rjochts njonken him Robbin Ruiter © Orange Pictures
Want dat Cambuur goed fuotbalje kin, wit Ruiter mar al te goed. "Als je dagelijks op de training kijkt, denk ik dat we hartstikke goed kunnen voetballen. Het is er alleen nog niet altijd uitgekomen. Laat Groningen het begin zijn van een mooie reeks."

Gjin reaksje fan Virgínia

Virgínia wie teloarsteld en woe dêrom net reagearje foar de kamera fan Omrop Fryslân. Ultee woe wol sizze hoe't de Portugees reagearre: "Chagrijnig, maar op een goede manier. Hij zat gelijk in een modus van: ik ga elke training zorgen dat ik het zo goed doe, dat je gaat twijfelen over je keuze."