Jeugdhulp Friesland wol ferplichte útstream fan 18-jierrigen skrasse

Jeugdhulp Fryslân wol ôf fan de regel dat 18-jierrigen ferplicht útstreame moatte út de jeugdsoarch. Jongelju dy't opfongen wurde, moatte de jeugdsoarch ferlitte as se 18 binne. Dêrtroch reitsje tal fan jongelju dakleas.
"Het is heel cru, want het is een groep die juist dan hulp nodig heeft", seit Saskia de Boer fan Jeugdhulp Fryslân Sy is 'vertrekcoach' en begeliedt jongelju by it ferlitten fan de jeugdsoarch. Se fernimt dat in soad jongelju stress krije as harren 18e jierdei deroan komt.
Jeugdhulp Friesland wol ôf fan útstreamregeling
Benammen jongelju yn wensoarchsituaasjes hawwe it dreech, sjocht De Boer.
"Ze moeten alles geregeld hebben en dat kunnen ze vaak in mindere mate bewerkstellingen. Ze vertrouwen mensen minder snel en hebben geen groot netwerk. Als ze dan in een woonzorgcentrum zitten, moeten ze daar vertrekken. Ze komen bij vrienden op de bank terecht, want ze kunnen voor de rest nergens op terugvallen. Dat doet ons ook vreselijk pijn."
Omslach nei nije Jeugdwet
Yn 2015 is de jeugdsoarch feroare mei de nije Jeugdwet. Foar 2015 betelle de provinsje noch mei en dy stelden gjin easken. No leit de finansiering by de gemeente en dy ha 18 jier as hurde knip stelt. Jeugdhulp Nederland en oare ynstânsjes wolle de leeftiidsgrins ferlizze of skrasse.
Eric 't Hart is belutsen by Jeugdhulp en hâldt him dwaande mei de leeftiidsgrins. Hy tinkt dat skrasse it bêste is. "Je moet maatwerk leveren. Volwassen worden en ergens klaar voor zijn, is voor ieder persoon anders. Je moet eigenlijk kijken naar wat kinderen nodig hebben. Zo vallen de kinderen niet buiten de boot."
"De oplossing is geld"
Ut sifers fan Sociaal Domein Fryslân docht bliken dat oant en mei 2025 sa'n 867 jongelju yn in helpopfang 18 wurde. Fan dy groep sitte 85 yn in wensoarchlokaasje, benammen dizze jongelju kinne yn 'e knipe komme.
"We willen graag dat er een oplossing komt", seit 't Hart. "De oplossing is meer geld, maar dat is uiteraard niet overal voor handen. Maar als deze mensen dakloos worden, komen ze nog verder in de knel. Uiteindelijk komen ze met veel zwaardere problematiek terug bij een zorginstelling. Dat kost alleen maar meer geld."