15 maart nei de stimbus: wat fynsto belangryk?

© ANP
Mei it each op de oankommende ferkiezingen foar Provinsjale Steaten (en yndirekt de Earste Keamer) wolle Omrop Fryslân, oare regionale omroppen en de NOS graach witte watsto wichtich fynst, wat dy dwaande hâldt en wêr'tst dy soargen oer makkest.
Dy ferkiezingen wurde holden op 15 maart en dat is ít momint om ynfloed út te oefenjen mei dyn stim.
Wat fynsto wichtige tema's? Wêr moat de polityk him foar ynsette? Giet it dy om de wenningmerk, dyn finansjele situaasje, it klimaat? Of fynst de stikstofproblematyk, flechtlinge-opfang of soarch wichtiger?
We wolle graach witte watsto derfan fynst, dus doch mei oan dit publyksûndersyk. Dit is gjin opinypeiling, mar in middel om ûnderfiningen en ferhalen fan minsken te hearren en te peilen wat der libbet yn ús provinsje. It helpt ús om noch better berjocht te dwaan oer watsto wichtich fynst.
Kinst dyn miening jaan troch dizze koarte fragelist yn te foljen. We stelle it tige op priis ast meidochst. Dyn antwurden wurde fertroulik behannele.