Persoan ferwûne nei stekynsidint op De Grinzer Pein, fertochte oanholden

De plysje meldt dat der in stekynsidint west hat op De Grinzer Pein. Hjirby is ien persoan ferwûne rekke. Der is in fertochte oanholden.
Neffens RTV NOF soe it ynsidint plakhân hawwe oan De Merel yn Surhústerfean en waard it slachtoffer letter ferwûne oantroffen by De Grinzer Pein.
Der kamen meardere plysjeweinen en ambulânsen op it ynsidint ôf. Der wurdt ûndersyk dien nei de tadracht.