Fûgelgryp fêststeld yn Abbegea: 57.000 hinnen wurde romme

Lishinnen © ANP
Der is fûgelgryp fêststeld op in lishinnebedriuw yn Abbegea. De 57.000 bisten fan dit bedriuw wurde romme troch de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA).
Der is in ferfiersferbod ôfkundige yn in straal fan 10 kilometer om it troffen bedriuw hinne. Yn dy sône lizze noch tsien oare plomfeebedriuwen.
It ferfiersferbod jildt foar alle fûgels en aaien. Boppedat mei de dong fan fûgels, brûkt struisel en dierlike produkten fan bedriuwen mei fûgels net ferfierd wurde. Yn de tsienkilometersône is it fierder ferbean om op einen te jeien.