Waadferiening wiis mei kontenersysteem: 'sechsde sintúch' op in skip

De OOCL Rauma ferlear yn 2020 konteners: dêr moat it nije systeem foar warskôgje © ANP
De Waadferiening is wiis mei it nije systeem dat skippen warskôgje kin foar kontenerferlies op see. De organisaasje sjocht dat der op meardere fronten wurke wurdt oan in feiligere skipfeart.
"Het is gewoon winst", sa fettet Ellen Kuipers fan de Waadferiening it gear. De Harnzer rederij JR Shipping hat de primeur en sil it systeem de kommende tiid wiidweidich teste.
De oanlieding wie net goed, seit Kuipers wol. Want it systeem komt op it skip OOCL Rauma en krekt dat skip ferlear yn 2020 in oantal konteners by It Amelân en Skylge yn see.
"Maar wat ik al mooi vind van JR Shipping is dat ze iets negatiefs omgekeerd hebben tot iets positiefs. Ze hebben de samenwerking gezocht en leren ervan. Als dat niet gebeurt, zijn er alleen maar verliezers", sa seit Kuipers. "Uiteindelijk heeft iedereen hier baat bij."
Miljeukundige en biolooch Ellen Kuipers fan de Waadferiening © Omrop Fryslân
"Ik ben blij dat er nu zo'n systeem komt voor de feeders", seit Kuipers. Dêrmei wiist sy op de lichtere skippen dêr't guod fan of nei in grutter skip mei oerladen wurdt. "Ik ben nog wel nieuwsgierig of het voor de ultra large-schepen makkelijk te realiseren is."
Michiel Gunsing, ien fan de ûntwikkelders efter it systeem, fertelt dat it yn prinsipe wol mooglik is. "Al heb je bij grote schepen nog wel wat last van vervorming. Daar zou je wellicht een aantal sensoren moeten hebben om die vervormingen te meten."
Gunsing is tegearre mei Joris Brouwer de driuwende krêft efter it systeem. Sy wurken beiden yn it ferline by MARIN, it Maritiem Research Instituut Nederland. Om it systeem te ûntwikkeljen hawwe sy de start-up GBMS opset (dat stiet foar Gunsing Brouwer Maritieme Systemen).
Michiel Gunsing, Robert-Jean Dupuis (fan JR Shipping) en Joris Brouwer © JR Shipping
Brouwer fertelt dat har systeem in hiel soad data ferwurkje kin. "Het houdt real-time de bewegingen van een schip in de gaten. Die informatie kan tot twintig keer per seconde worden ververst." Troch beweging, fersnelling en gewicht te kombinearjen kinne de krêften op konteners berekkene wurde.
Yn it stjoerhûs komt in sensor dy't as it lykwichtsorgaan fan it skip fungearret. De software wurket sûnder ynternet en der kin op alle plakken op ynlogd wurde. "We hebben maar één sensor nodig. Door de ladingsfile weten we waar containers staan en daarmee kunnen we rekenen", leit Gunsing út.

Sechsde sintúch op it skip

It systeem warskôget as it de ferkearde kant op giet. "Daarna kunnen de kapitein en bemanning kiezen voor bijvoorbeeld een andere koers of snelheid", seit Brouwer.
Fierder kin dit 'SaaS Warning System' ek in oere oan data werom yn de tiid sjen. Brouwer: "Mochten door een storm de golven aanzwellen, dan toont de data hoe dat zich opbouwt."
Neist wetter, waar en wyn is ek de wize fan belading dêrby fan belang. Want it makket út oft der hege of lege steapels mei konteners op in skip steane en oft se swier of licht binne. "Zulke berekeningen zijn veel te ingewikkeld om als mens zelf te doen", seit Brouwer. It systeem moat in soarte 'sechsde sintúch' op it skip wurde.

Fjoerdoop foar Harns

It idee foar it systeem ûntstie nei de kontenerramp mei de MSC Zoe, wêrby't 342 konteners oerboard sloegen. "Wij zaten daar toentertijd vlakbij en vroegen ons af waarom bemanningen eigenlijk niet weten wat voor krachten er tussen containers heersen", sa seit Gunsing. "Ze rijden eigenlijk op de weg zonder snelheidsmeter."
Dat kontenerferlies tige skealik foar it miljeu wêze kin, die wol bliken nei de MSC Zoe-ramp © ANP
Dêrom besleaten Brouwer en Gunsing yn 2021 sels de mouwen mar op te strûpen. It Harnzer JR Shipping mei no as earste it systeem yn de praktyk bringe. "We hebben het systeem draaiend, het wordt nu geleverd en geïnstalleerd op de eerste twee schepen. We kijken nu hoe de bemanning er op reageert", seit Gunsing.
"We houden constant een vinger aan de pols", follet Brouwer oan. Hoewol't JR Shipping foarearst de earste klant is, is der wol belangstelling fan ferskate kanten.

MSC Zoe wie in 'game changer'

De ramp mei de MSC Zoe hat in 'game changer' west, konkludearje net allinne de manlju, mar ek Kuipers fan de Waadferiening. Rederijen sjogge hieltyd mear yn dat besunigje op feiligens jild kostet.
"Maar feit blijft ook dat je je kunt afvragen of het vervoer van zoveel spullen over zee wel nodig is", seit Kuipers, al is dat neffens har mear in fraach dy't wy ús as maatskippij stelle moatte.