CNV driget mei lanlike staking fan fiif dagen yn it streekferfier

In bus fan Arriva © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Der komt mooglik in fiif dagen duorjende lanlike staking yn it streekferfier. Fakbûn CNV hat in ultimatum stjoerd nei wurkjouwersferiening VWOV foar in bettere cao.
As de wurkjouwers net op it ultimatum yngean, dan sil de staking fan moandei 6 febrewaris ôf plakha.
It CNV easket in 'stevige' leansferheging, in goede regeling fan âlderen en in oanpak tsjin de hege wurkdruk. Neffens it fakbûn skowe de wurkjouwers oant no ta alles fan tafel en komme se net mei bettere oplossingen.
De wurkjouwersferiening fynt it ultimatum ûnbegryplik. In wurdfierder fan de VWOV lit oan parseburo ANP witte dat der op basis fan dizze 'driging' net mei de fakbûnen ûnderhannele wurde sil.
Earder dizze moanne wie der ek al in staking yn it streekferfier, doe organisearre troch fakbûn FNV. Doe lei it bus- en treinferkear fan Arriva yn ús provinsje foar in grut part stil.