Steaten lilk: Douwstra 'respektleas' by ferdielen Wynpark Fryslân-miljoenen

Lilke fraksjefoarsitters helje ûnder de skorsing ferhaal by CDA-deputearre Friso Douwstra © Omrop Fryslân
CDA-deputearre Friso Douwstra krige woansdei fûle krityk yn Provinsjale Steaten. By it ferdielen fan de winst fan Wynpark Fryslân soe Douwstra foar de muzyk útrinne en respektleas mei de Steaten omgean, sa wie it ferwyt.
Op fersyk fan fraksjefoarsitter Charda Kuipers fan GrienLinks waard de diskusje oer de winst fan Wynpark Fryslân fuortendaliks skorst. Kuipers neamde it 'respectloos' dat Deputearre Steaten tiisdei noch in taljochting nei de Steaten stjoerde oer de besteging fan de Wynpark Fryslân-jilden.

"Mei it snot foar de eagen trochwurke"

Douwstra sei nei ôfrin fan de diskusje sels dat er 'syn stjonkende best' dien hat om de frege ynformaasje op tiid nei Provinsjale Steaten te stjoeren. "De tiid wie krap, mar der is mei snot foar de eagen trochwurke." Douwstra heakke deroan ta dat er de steaten by de kommisjegearkomste op 11 jannewaris warskôge hie dat it in toer wurde soe om de frege ynformaasje noch foar de gearkomste oan te leverjen. "Mar we hawwe ús bêst dien."
Neffens him hat it perfoarst net syn yntinsje west om op de muzyk foarút te rinnen. "Wy hoopje krekt dat ús ynformaasje de Steaten helpt om in goed beslút te nimmen. Hoe flugger in beslút falt, hoe flugger wy dat ek útfiere kinne. It giet derom, dat we mei de winst fan it wynpark de mienskip helpe by it probleem mei de enerzjy-earmoed."

Al earder meidieling op CDA-webside?

Douwstra die noch foardat hy de Steaten ynformearre in meidieling oer syn foarstel op de webside fan CDA-Fryslân. It oanbelangjende artikel is skreaun troch de CDA-Steatefraksje. Yn it ferhaal wurdt in útspraak dy't Douwstra ûnder de kommisjegearkomste die sitearre. Fan in eardere meidieling is dan ek gjin sprake, sa lit de deputearre wite.
Noch ûnder de skorsing fregen lilke fraksjefoarsitters Douwstra om opheldering. Douwstra fynt sels dat er net sa folle misgien is. Hy woe allinnich fragen en suggestjes dy't er krige fan politike partijen, ferwurkje yn in oanfollend stik, sa liet er wite.
Deputearre Friso Douwstra oer it ferwyt dat hy respektleas mei de steaten omgean soe
De provinsje Fryslân is oandielhâlder fan it grutte wynpark yn de Iselmar. Troch de hege enerzjyprizen smyt it Fryske oandiel folle mear jild op as ferwachte. Yn 2022 hat Wynpark Fryslân de provinsje 17 miljoen euro útkeard, mar leafst 11 miljoen mear as ferwachte.
De Fryske polityk hat ferskate ideeën oer it ynsetten fan dat jild. It CDA tinkt yn it foarste plak oan it duorsum meitsjen fan doarpshuzen en musea. Dat kin foar de measte doarpshuzen en musea mei in ynvestearring fan 25.000 euro, neffens it foarstel. Ek leit der in foarstel om it MKB te helpen by it ferduorsumjen fan harren bedriuw.

Minsken mei smelle beurs helpe

SP, PvdA, GrienLinks, Partij voor de Dieren, D66 en CDA kamen mei in plan om hûsbesitters mei in smelle beurs te helpen om harren hûs duorsum te meitsjen. Minsken dy't net mear fertsjinje as 130 prosint fan it sosjaal minimum kinne op syn meast 2.500 euro krije foar it isolearjen fan harren wente. Ek foar dit doel wolle de Steaten 5 miljoen euro útlûke.
It wie foar Steatelid Hanneke Goede in ferrassing om dit plan wer werom te finen yn it stik dat Deputearre Steaten op de dei foar de gearkomste nei de Steaten stjoerde. "Ik voel me behoorlijk overvallen", seit Goede oer de gong fan saken.

Steateferkiezings

De rebûlje kin net los sjoen wurde fan de Steateferkiezings fan 15 maart. Ferskate partijen wolle harren profilearje mei eigen plannen om minsken en maatskiplike ynstânsjes mei enerzjy-earmoede te helpen.
Deputearre en CDA-fraksjefoarsitter Friso Douwstra hie him better wat weromhâldender opstelle kinnen, fine guon Steateleden, want it foech oer it besteegjen fan provinsjaal jild leit by Provinsjale Steaten. In nij stik in dei foar de gearkomste nei Provinsjale Steaten stjoere, fine se boppedat fierstente let.
SP-fraksjefoarsitter Hanneke Goede