Ekspert sjocht spionaazjegefaar by Visser BV: "Informatie op presenteerblaadje"

Legerweinen fan Visser BV yn Ljouwert © CAMJO media
It is heechst opmerklik dat it Ljouwerter bedriuw Visser BV ûnder de eagen fan de Sinezen auto's makket foar it Nederlânske leger. Dat seit feilichheidsekspert Danny Pronk fan SoSecure International.
Visser BV is yn opspraak kaam, omdat it bedriuw legerweinen foar Definsje makket wylst it al tsien jier yn hannen is fan it Sineeske steatsbedriuw CIMC. Op dy wize kin Sina oan fertroulike en gefoelige ynformaasje komme, tinkt Pronk.
"Doordat Visser in Chinese handen is, krijgt ook de Chinese staat toegang tot de locatie, het bedrijventerrein, de medewerkers van het bedrijf en met name ook tot de informatie die eventueel voorhanden is binnen de bedrijfsomgeving."

Maatregels nimme

Neffens Pronk, dy't yn it ferline wurke hat foar de feilichheidstsjinsten AIVD en MIVD, jout it de Sineeske steat spesifike ynsichten yn watfoar apparatuer de Nederlânske kriichsmacht brûkt. "Daar kan de Chinese overheid zijn voordeel mee doen. Bijvoorbeeld door tegenmaatregelen te nemen of bepaalde capaciteiten te ontwikkelen waarmee ze het ons lastig kunnen maken of onze optredens zelfs kunnen verstoren."
Ljouwerter bedriuw Visser BV yn opspraak rekke
Neffens Pronk moat Nederlân gau maatregels nimme. "Je zou kunnen denken aan het afschermen van de toegang tot bepaalde gevoelige informatie die voor Defensie van vitaal belang is. Dat je die informatiehuishouding beter beveiligt."
Je reikt het ze op een presenteerblaadje aan en je zet in virtuele zin drie deuren wagenwijd open.
Danny Pronk, feilichheidsekspert
It fernuveret him dat der net al earder maatregels nommen binne. "Het heeft me verbaasd dat er rondom 2013, toen die bedrijfsovername plaatsvond, geen belletjes zijn gaan rinkelen. En dat dat geen aanleiding is geweest om proactief een risicobeoordeling op te stellen."
"Je reikt het ze op een presenteerblaadje aan en je zet in virtuele zin drie deuren wagenwijd open", seit Pronk. "Je verschaft toegang tot het bedrijventerrein, tot de medewerkers van het bedrijf en tot de informatie die aanwezig is binnen dit bedrijf en het bedrijfsproces."
It bedriuw Visser BV yn Ljouwert hat fan it ministearje fan Definsje te hearren krigen dat it gjin kommentaar jaan mei.

Fragen fan de VVD

Twadde Keamerlid Peter Valstar hat skriftlike fragen oer Visser BV steld oan de minister fan Definsje. Hy hopet tongersdei yn it debat mei minister Kajsa Ollongren antwurden te krijen.
"Mijn belangrijkste vraag is: waarom is het bedrijf sinds de Chinese overname en sinds dat er een Chinees aan het hoofd staat niet opnieuw gescreend? Waarom is Defensie daar ook niet in gekend toen er überhaupt sprake was van deze overname? En ik ben ook heel erg benieuwd welke gegevens zijn weggelekt."
Neffens Valstar lizze der noch in soad opdrachten fan Definsje by Visser. "Ik denk ook niet dat Defensie het kan gebruiken dat dit bedrijf uit het klantenbestand komt te vervallen, want ze leveren ontzettend nuttig werk."

Mear bedriuwen

Hy tinkt dat it probleem by wol mear Nederlânske bedriuwen yn bûtenlânske hannen spilet. "Zowel Rusland als China proberen in de economische haarvaten te komen, met name China. De MIVD waarschuwt daar ook al langere tijd voor. Dat maakt het extra pijnlijk dat het bij zo'n bedrijf, dat nota bene aan Defensie levert, het mogelijk is om in Chinese handen te komen."