Ultee oer passearjen doelman Virgínia: "Te grote opeenstapeling van fouten"

Sjors Ultee wit dat it wikseljen fan de earste keeper fan SC Cambuur gjin garânsjes jout, mar de trainer fynt dat it net oars kin. Robbin Ruiter ferdigenet tongersdei de goal tsjin FC Groningen.
De technyske stêf fan de Ljouwerters evaluearre ôfrûne moandei de wedstriid tsjin Sparta Rotterdam (0-3). Dêryn makke João Virgínia in flater dy't syn ploech in tsjintreffer koste. By dy evaluaasje is it beslút naam om Ruiter de foarkar te jaan.
Ultee hat dat mei syn stêf oerlein, mar om't it sa'n yngripende maatregel is hat hy dat ek oerlein mei de direksje en technysk manager Foeke Booy.
Tiisdei hawwe beide keepers it te hearren krigen. Neffens Ultee reagearre Virgínia 'als een echte sportman': "Chagrijnig, maar op een goede manier. Hij zat gelijk in een modus van: ik ga elke training zorgen dat ik het zo goed doe, dat je gaat twijfelen over je keuze."
Sjors Ultee leit de keeperswiksel by SC Cambuur út
De Cambuurtrainer hie lykwols gjin oare kar om de Portugees op de bank te setten, sa seit er. "We hebben een reeks van fouten gezien. Het begon bij Heerenveen, toen FC Volendam, FC Emmen en Sparta. Voor ons is het een te grote opstapeling, omdat het te vaak dezelfde soort fouten waren."
Wat foar soart flaters? Ultee: "We hoeven niet weg te lopen dat het uitkomen en tegen tegenstanders aan botsen een terugkerend iets geweest is. Verder vind ik het iets tussen speler en mij om zijn evaluatie te doen, maar aan de andere kant kijkt iedereen voetbal en ziet iedereen wat er gebeurt."
Gjin garânsje mei Ruiter
It passearjen fan Virgínia betsjut dat Ruiter tongersdei ûnder de latte stiet. It wurdt syn earste earedivyzjewedstriid sûnt 15 augustus 2021. Ultee neamt Ruiter in rêstige en stabile keeper. "We hebben Robbin hier al maanden gezien. Hij heeft in de beker gekeept, oefenwedstrijden gespeeld en een heel goede indruk gemaakt. Aan de bal, qua keepen, coachen en rust uitstralen. Die optelsom is voor mij positief. Maar het biedt geen garanties, nee."
Foar it 'degradaasjeduel' mei FC Groningen fielt Sjors Ultee gjin ekstra druk
De keeperswiksel is net de iennige feroaring yn de basisopstelling. Ultee wol lykwols net sizze wat hy fierder oars dwaan sil. "Het zal niet wereldschokkend anders zijn, maar op een paar plekken hebben we wel aanpassingen."
Ultee kin net beskikke oer de al langer blessearre Maxim Gullit. En ek Robin Maulun is taheakke oan de sikeboech. "Robin heeft pech met blessures. Het is afwachten hoelang dat duurt", seit de coach dêroer.
Noch gjin Mahi
Foar Mimoun Mahi komt de wedstriid tsjin de Grinzers ek noch te betiid. Hy hat moandei en tiisdei oan de groepstraining meidien, mar moast dat woansdei alwer bekeapje mei in stapke tebek. Doe die er allinne de warming-up en de rondo oan it begjin fan de training mei.
"Hij maakt een goede en frisse indruk, maar er moet een opbouw in zitten", seit Ultee oer Mahi. "Groningen is te vroeg voor hem. Dat is ook geen vraagteken geweest. Twee trainingen is te weinig om na zoveel maanden wedstrijdfit te zijn."
Rienstra op proef
Ultee is posityf oer Ben Rienstra, dy't dizze wike op proef is by Cambuur. De middenfjilder sit sûnder klup en is neffens de trainer behoarlik fit. Oft it ta in kontraktoanbieding komt fan de Ljouwerters, is noch net wis. As it oan Ultee leit, is dat wol it gefal. Booy sil úteinlik de knoop dêroer trochhakke.
De wedstriid tusken FC Groningen en SC Cambuur begjint tongersdeitejûn om 18.45 oere. Omrop Fryslân docht op de radio live-ferslach yn in ekstra sportprogramma. Dat begjint om 18.30 oere. Fanút de Euroborg fersoarget sportferslachjouwer Andor Faber it kommentaar.