HEA! Fan alles te keap

HEA! Fan Allus-winkel
Taskes, kaarten, kaaihingers, mar ek selsmakke skelken en taskes. Yn de Fan Allus-winkel yn Harns is hast gjin nee te keap. Mar tagelyk is it ek in wurkplak foar minsken mei in soarchyndikaasje.
Under begelieding fan Anneke Brijder makket Miranda Tabak in moaie skelk út in âlde spikerbroek. Miranda genietet fan it wurk yn de winkel. Neist fan alles meitsje, docht se ek kassawurk, rjochtet se de etalaazje yn of makket se skjin.
De winkel is fan Stichting de Kern, in soarchfoarsjenning foar minsken mei in soarchyndikaasje. Se biede sa in wurkplak foar jongfolwoeksenen.