Burgumse Leonie Bentveld (18) nei WK fjildriden by beloften

Leonie Bentveld wûn oardel wike lyn it NK fjildriden by de beloften © Orange Pictures
Fjildrydster Leonie Bentveld is selektearre foar it WK by de beloften. De 18-jierrige Burgumse is ien fan de fiif rydsters dy't bûnscoach Gerben de Knegt yn syn seleksje opnaam hat.
It WK is yn it wykein fan 3, 4 en 5 febrewaris yn Hoogerheide (Noard-Brabân). De wedstriid foar de frouljusbeloften is op de lêste dei, de snein.
Njonken Bentveld bestiet de seleksje út Shirin van Anrooij, Mirre Knaven, Iris Offerein en Larissa Hartog. De earste is de kopfrou. "Met Shirin van Anrooij hebben we zeker de favoriet voor de titel in huis", seit De Knegt. "Hoewel er in deze categorie zeker veel internationale concurrentie is, maar Shirin steekt er dit seizoen wel echt bovenuit."
Bentveld sit ek yn de relayseleksje. By de relay rydt elke fytser ien rûntsje om dêrnei in ploechgenoat ôf te lossen.
Ferline jier ried Bentveld it WK noch by de junioaren. Doe waard se twadde. Oardel wike lyn wûn Bentveld it Nederlânsk kampioenskip by de beloften. Van Anrooij die doe net mei.