Harnzer rederij hat primeur mei systeem tsjin kontenerferlies, trije jier nei reprimande

Robert-Jean Dupuis fan JR Shipping © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Mei in nij systeem dat it oerboard slaan fan konteners foarkomme moat, wol JR Shipping de ynternasjonale skipfeart feiliger meitsje. Trije jier lyn krige it bedriuw in tik op 'e fingers, nei't in skip troch ûnsoarchfâldige belading sân konteners ferlear boppe de Waadeilannen.
It nije kompjûtersysteem is net allinne bedoeld om op in tocht de fracht te befeiligjen, mar kin ek brûkt wurde om de konteners by it laden soarchfâldich en feilich te steapeljen en oaninoar te keppeljen. Op dy wize soene kritike situaasjes op see yn 't foar foarkaam wurde kinne.

JR Shipping

JR Shipping út Harns hat fyftjin saneamde 'container feeder'-skippen, relatyf lytse kontenerskippen yn ferliking mei de mammoetskippen fan rederijen lykas Maersk, HMM en MSC.
De grutste skippen fan JR Shipping kinne sa'n 1.400 konteners ferfiere. De grutste kontenerskippen fan HMM en oare grutte rederijen kinne mear as 20.000 konteners ferfiere.
De OOCL Rauma is it earste skip dat it nije systeem brûke sil. Dat skip ferlear yn febrewaris 2020 noch sân konteners boppe de Waadeilannen op de Noardsee.

"Onze schepen varen hier regelmatig"

Direkteur ship-management Robert-Jean Dupuis fan JR Shipping hat in dúdlike reden wêrom't it bedriuw mei it systeem úteinset: "We zijn een Friese rederij en we hebben veel collega's die naar de Waddeneilanden gaan. Daar genieten we allemaal van. En niet onbelangrijk: onze schepen varen hier regelmatig."
De Rauma © Shutterstoc, Martin Lueke
Mar ek it ynsidint mei de Rauma yn 2020 dêr't sy har foar ferantwurdzje moasten, spilet in wichtige rol, seit Dupuis. "Deze zaak is behandeld bij het tuchtcollege, daar heeft men een aantal ideeën aangereikt die we hebben opgepakt. Wij hebben de start-up GBMS gevonden die mogelijkheden zagen om met de huidige technologie wat op te zetten."

It systeem

It systeem is ûntwikkele troch Michiel Gunsing and Joris Brouwer, twa âld-meiwurkers fan kennisynstitút Marin, dy't de start-up GBMS opset hawwe. It giet om it saneamde 'GBMS SaaS Warning System.' It moat foar elts skip apart ynregele wurde.
"Het computersysteem vertaalt dit naar krachten die op de containers komen", leit Dupuis út. "Het systeem is zodanig ontwikkeld dat op het moment je veilig in de haven ligt en je wilt toetsen wat er op je reis gaat plaatsvinden, dat je dit kunt nabootsen. Zo weet je wat je te wachten staat en wat je kunt doen."

Foardielen

De bemanning fan it skip is der bliid mei: "Zij hebben het hele proces begeleid met de twee ontwikkelaars. Het voordeel voor de bemanning is dat ze 'real-time' kunnen zien wat er gebeurt. En een bijkomend voordeel is dat zodra ze de laadplannen krijgen, eigenlijk in een paar minuten tijd inzicht krijgen in wat er moet gaan gebeuren. Het is een enorme tijdsbesparing."
De rederij ferwachtet dat oare rederijen it systeem ek omearmje sille. Ferskate terminals yn Rotterdam soene al belangstelling hawwe en oare ferfierders folgje de ûntwikkelingen.
Ien fan de konteners dy't OOCL Rauma ferlear © ANP
It systeem is noch wol ôfhinklik fan it type skip. "Je kunt het niet 'plug and play' overal installeren", sa leit Dupuis it út. JR Shipping set dêrom earst yn op twa skippen: de OOCL Rauma en de Ensemble.

Risiko's

En ek al is it risiko op kontenerferlies net hiel grut en wurdt it mei it systeem noch lytser, oare risiko's bliuwe. "Ik maak me nog steeds zorgen over de kwaliteit van het beladen van een container. Als dat niet goed gebeurt, dan kan tijdens een reis een lading in zo'n container gaan schuiven. De ervaring leert dat de uiterste consequentie is dat zo'n container overboord kan gaan slaan."