Sylboat betrape yn ferbean gebiet by boarplatfoarm boppe Waadeilannen

In sylboat is op de Noardsee by It Amelân te ticht by in boarplatfoarm kaam. Net folle letter rekke de boat yn de buert fan Skylge oan de grûn.
De Kustwacht seach op de radar dat der in objekt binnen de saneamde 'feilichheidssône' fan it boarplatfoarm wie. Dat bliek dus om in sylboat te gean. De Kustwacht hat ferskate kearen besocht om kontakt te lizzen mei de opfarrenden fan de sylboat, mar dat is net slagge.
Doe is it fleantúch fan de Kustwacht rjochting de sylboat flein. In nij besykjen om kontakt te krijen mei de sylboat slagge ek net. Dêrom binne meiwurkers fan de Kustwacht oan board gien foar in kontrôle.
"Er is een proces-verbaal opgemaakt voor het schenden van de veiligheidszone", meldt de Kustwacht. "We hebben daarnaast een gesprek gevoerd over verantwoordelijkheid en het belang van goede reisvoorbereiding."
Nei de kontrôle mocht de sylboat wer fierder, mar sa'n twa oeren letter strâne de boat by Skylge. De rêdingsboat fan it KNRM-stasjon Flylân wie tafallich yn de buert oan it trainen en hat de sylboat nei de haven fan Flylân ta sleept.