Elfstedenrace ferpleatst fan maart nei oktober, yn de hoop op fraaie startlist

De twadde edysje fan de hurdfytswedstriid Visit Friesland Elfstedenrace wurdt ferriden yn oktober. Dat is oars as it ôfrûne jier, doe't de wedstriid yn maart wie.
De organisaasje woe de wedstriid dit jier wer op de earste snein fan maart hâlde, mar dêrby kamen twa problemen nei boppen ta. Ien probleem is dat de organisaasje it budzjet dan noch net rûn hat, mar boppedat binne der yn dat wykein in soad konkurrearjende races.
De Visit Friesland Elfstedenrace is promovearre nei in saneamde 1.1-wedstriid. Dat betsjut dat no ek worldtourteams as Jumbo-Visma oan de start komme meie. Mar as de wedstriid yn maart holden wurde soe, hie Jumbo-Visma de iennige worldtourploech oan de start west.
Jakobsen en Groenewegen
Troch it te ferskowen nei woansdei 4 oktober hopet de organisaasje op in moaiere startlist. In dei earder is bygelyks de Münsterland Giro. Dêr dienen ferline jier njoggen worldtourteams oan mei, mei ûnder oare fytsers as Fabio Jakobsen en Dylan Groenewegen oan de start.
It ferpleatsen fan de wedstriid soarget der boppedat foar dat de organisaasje mear tiid hat om it jild by elkoar te krijen: it budzjet giet nammentlik omheech fan 150.000 nei 300.000 euro.
De gemeente Ljouwert, provinsje Fryslân, plysje en de ynternasjonale hurdfytsuny UCI binne akkoart mei de nije datum.
Opfolger Elmar Reinders
Ferline jier wûn Elmar Reinders de earste edysje fan de Visit Friesland Elfstedenrace, dy't lâns de Fryske alve stêden giet, mei start en finish yn Ljouwert.
De edysje fan ferline jier wie de earste selsstannige hurdfytswedstriid foar manlju op de ynternasjonale kalinder yn Fryslân sûnt 2012.