Maaike Slotema reizget de wrâld oer foar har wurk: "Dêr ha ik myn baan op útsocht"

Maaike Slotema mei har man © Omrop Fryslân, eigen foto
Maaike Slotema hat wenne yn Drachten, Amsterdam, Tel Aviv, Jordanië, Libanon en Australië. Op dit stuit sit se foar har wurk op de Filipinen; se is in echte wrâldboarger.
"Ik wenje yn Australië, yn Melbourne", fertelt de 33-jierrige. "Ik bin no in wike op de Filipinen foar in workshop." Slotema wurket foar in non-profitorganisaasje dy't duorsume lânbou promoatet.
It wurk makket dat se in soad reizget. "Dêr ha ik myn baan ek wol op útsocht. Ferline wike wie ik noch yn Kambodja. En dan saterdei wer werom nei Melbourne."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
"Ik begelied projekten yn Azië wêrby't wy nije beammen plantsje wolle om koalstof te kompensearjen", fertelt de Drachtster. "Grutte bedriuwen kinne dy koalstofemisjerjochten dan wer keapje of ferhannelje."

Fan Libanon nei Australië

"Ik wenne in skoft yn Libanon en dêr kaam ik Zaher tsjin yn in kroech. Dat klikte direkt. Hy sei al gau dat er wol rap nei Australië ferhúzje woe, dat hie er al op de planning."
Slotema wie yn Beiroet just goed teplak, dus is se net meigongen. Se hienen twa jier lang in langeôfstânsrelaasje. "Hy frege my flak foardat de grinzen tichtgongen om mei him te trouwen. Hy is doe noch wer nei Australië gongen, ik soe him efternei komme."
Mar dat koe doe al net mear, de grinzen waarden sletten en Australië wie lang ien fan de foarsichtichste lannen as it gie om it talitten fan reizgers. "It duorre úteinlik mear as njoggen moannen dat ik dy kant net op koe. Dat wie wol in drege tiid."
Maaike Slotema mei har famylje © Omrop Fryslân, eigen foto
It stel hat yn dy tiid meardere kearen by de Australyske oerheid om in útsûndering frege, wat yn dy tiid mooglik wie. "Je moasten sjen litte dat je in koppel wienen, mei foto's ensafierder. Wy ha it seis kear oanfrege, de sande kear waard it goedkard."
Doe mocht se yn it fleantúch stappe. "Mar omdat net ien nei Australië mocht, siet der ek net ien yn dat fleantúch. Dat wie hiel apart."

Kertierke rinnen nei de see

Mei har man Zaher wennet de Drachtster yntusken alwer in skoft yn in appartemint yn Melbourne. "It is in kertierke rinnen nei de see. Dêr geane wy dan ek hast alle dagen hinne."
© Omrop Fryslân, eigen foto
In neidiel oan it wenjen yn in hiele oare tiidsône is dat it somtiden dreech is om kontakt te hâlden. "As ik wekker wurd, sille sy krekt op bêd en oarsom ek wer, dus ik mis se wol."
Se wit dêrom ek al dat se net har hiele libben yn Australië wenjen bliuwe sil. "Australië is wis net myn einbestimming. Dêrfoar hâld ik tefolle fan ús heit en mem en myn sus. Werom nei Fryslân wit ik net, mar yn alle gefallen tichterby."