De toan fan Froukje Sijtsma: "De Fryske taal hâldt gjin skoft"

"De tiid hâldt gjin skoft. It is in moaie Fryske útdrukking om dúdlik te meitsjen dat de klok altyd mar trochtikket, oftst dat no wolst of net. Ek yn Fryslân stiet de tiid net stil. En datselde jildt foar de Fryske taal, dy't ek yn beweging is.
Troch de iuwen hinne hawwe in ferskaat oan skriuwers en dichters dat bêste lân fan d'ierde bejubele en besongen, mar ek gauris harren soargen utere oer de taalsituaasje. Altyd wienen der sprekkers fan oare talen dy't ynfloed hienen op de Fryske taal.
De toan fan Froukje Sijtsma
Fries om utens Fokke van der Heide wynt him dêr oer op. Dat les ik yn syn ynstjoerde stik yn it NRC fan dit wykein. Sechstich jier lyn hat er it heitelân ferlitten om te studearjen. Hy ferhûze net werom, mar bleau wol altyd syn memmetaal praten. At er hjoeddedei yn Fryslân komt, falt it him op dat er net mear mei it Frysk fan syn jeugd út de fuotten kin. En dat fynt er skande.
Hy skriuwt: "Kom ik echter in Friesland en gebruik dit soort taaleigen, dan gebeurt het vaak dat men mij niet verstaat. Want het Fries is een dialect geworden. Decennialang hebben Friezen hun taal laten verslonzen. Taal moet sexy klinken. Dus 'kon' veel Fries taaleigen al niet meer, en is het nu daarom in de vergetelheid geraakt. Geen hoogleraar Fries die dat nog ongedaan kan maken."
In apart ferhaal. In seksy taal? En oer hokker taaleigen Fryske wurden hat Van der Heide it eins? "Het mooiste Fries komt uit het Latijn of uit het Frans. Oerémis bijvoorbeeld (overstuur) komt van oremus. Latijn voor 'laten we bidden'. Of 'halje-trawalje', Fries voor: halsoverkop. Dit komt van ailleurs travaille. Kreeg je dat te horen, dan moesten wie hier ten tijde van Napoleon voor de Fransen werkten, hun boeltje pakken en weer elders gaan werken."
Dy redenaasje giet mank, mar soe Van der Heide dat sels wol yn de rekken hawwe? Want de Fryske útdrukkingen, dy't ûntstien binne troch taalkontakt mei it Latyn of it Frânsk, dy fynt er it moaiste. Mar dat binne no just foarbylden fan ferfryske wurden út oare talen wei? Dus hoe Frysk-eigen binne dy dan?
It Frysk sa't it hjoed-de-dei yn Nederlân praat wurdt, stiet sûnder mis ûnder ynfloed fan it Nederlânsk. Lykas it Frysk yn Dútslân mei it Deenske grinsgebiet ûnder ynfloed stiet fan it Dútsk en Deensk. Of it Frysk, lykas myn susters en harren bern dat prate yn Noarwegen, beynfloede wurdt troch it Noarsk. Dat is in direkt gefolch fan taalkontakt en lit sjen dat dy taal libjend is. Oft je dat no moai fine of net.
Is it Frysk dêrom ta in dialekt wurden, sa't Van der Heide stelt, om't it net mear itselde is as 60 jier lyn? Ik tink dat it ûnwennigens is nei in net mear besteande wrâld. Lykas mei de Friezen om utens dy't mei Simmer 2000 nei tsientallen jierren wer efkes werom kamen nei it heitelân. Mar dêr net it Fryslân oantroffen dêr't se djip yn harren hert, altyd ûnwennich nei west hienen. Foar harren hie de tiid yn Fryslân miskien stilstien, mar foar de Friezen dy't bleaunen fansels net. De tiid hâldt ommers gjin skoft."