Feanfroulju winne ynhelduel tsjin hikkesluter mei minimaal ferskil

Doelpuntemakker Janneke Ennema © Orange Pictures
sc Hearrenfean hat yn de earedivyzje froulju mei minimaal ferskil wûn fan hikkesluter Excelsior: op sportpark Skoatterwâld waard it 1-0.
De thúsploech, mei debutante Lyanne Iedema yn de basis, iepene de skoare al betiid. Janneke Ennema sette nei in goede minút de 1-0 op it skoareboerd. Hearrenfean bleau dêrnei sterker, mar fergrutte de marzje net.
Yn de twadde helte slagge dat ek net, wêrtroch't de slotfaze noch spannend waard. De ploech fan Hans Schrijver luts de oerwinning úteinlik dochs oer de streek.
Hearrenfean komt dêrmei op tsien punten út likefolle wedstriden en stiet no op it sânde plak. Kommende freed stiet de útwedstriid tsjin koprinner FC Twente op it programma.