Riedslid skrikt fan opmerkingen oer needopfang: "As soenen wy hjir wylde bisten krije"

Sa'n hûndert belangstellenden binne ôfkaam op in ynformaasjejûn oer de needopfang yn in earder gebou fan it Lauwers College yn Kollum. Der wienen ek ferskate riedsleden by.
Omwenners hienen benammen in soad praktyske fragen. "Fragen as: hoe komt it der presys út te sjen? Is der genôch ferljochting en meie de bern gewoan mei elkoar boartsje?", fertelt boargemaster Johannes Kramer. "Ik fernaam ek dat minsken de ynformaasje wurdearren."
Der wienen ek minsken op de ynfojûn ôfkaam dy't net út de omjouwing fan de mooglike opfanglokaasje komme, mar dochs har ûnfrede uterje woenen. Kramer: "Dy minsken stelle ek fragen, dy keare je natuerlik net. Wy wolle alles iepen en transparant dwaan. De kearside dêrfan is ek dat der minsken op ôfkomme dy't net yn 'e buert wenje, mar wol in miening hawwe."
Der is gelokkich ek in groep dy't it hert wol iepen hat foar syn as har meiminske.
Ien fan de oanwêzige riedsleden wie Liesbeth Vellinga fan de ChristenUnie. Sy is skrokken fan guon opmerkingen op de gearkomste. "Der libbet hjir ûnder - ik hoopje - in hiele lytse groep minsken in idee as soenen wy hjir wylde bisten krije. Mar hjir komme meiminsken, minsken op 'e flecht. Dit rekket my echt."
De flechtlingen fertsjinje in fatsoenlike opfang, seit Vellinga. "Dy help binne wy oan elkoar ferplichte. Al it gedoch yn 'e wrâld kinne wy hjir jûn net oplosse, mar wy binne minsken mei elkoar. Der is gelokkich ek in groep dy't it hert wol iepen hat foar syn as har meiminske."
Needopfang Kollum soarget foar útsprutsen reaksjes
Op de ynformaasjejûn wienen ek in soad omwenners dy't gjin fragen hienen, mar gewoan ynformaasje woenen. "It is allegear hiel koart dei: ôfrûne freed foel de brief op 'e matte", fertelt ien fan harren.
"Fan 'e jûn sitte wy hjirre en tongersdei nimt de ried al in beslút. Mar wat ik meinaam haw is dat de feilichheid sa goed as garandearre is. Der rinne 24 oeren deis bewakers om. Dus dan moatte wy dy pear moanne needopfang mar akseptearje."
Hy begrypt dat de opfang nedich is: "De gemeente kriget dit úteinliks ek optwongen fan de regearing, dus dy moat ek mei in plan komme."
Maksimaal 75 flechtlingen
Tongersdeitejûn moat de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân oanjaan oft de krisisneedopfang yn it gebou oan de Johannes Bogermanstraat trochgean kin.
Neffens it kolleezje fan boargemaster en wethâlders is de lokaasje geskikt foar de opfang fan maksimaal 75 flechtlingen. It gebou kin yn fjouwer wiken klearmakke wurde.
